Archief Gedichten en Afbeeldingen Geartsje Suierveld Kramer |
Lyts

LYTS

Hy is in man mei net safolle wurden
men sjocht him faak mei syn grize hier
yn it doarp Seine se it is in hurden
hy libbet sa syn libben hast al tachtich jier

Hy hat it wol besjoen yn dizze wrâld
hat fan in soad praatsjes gjin ferlet.
Docht krekt as lit alles him waarm noch kâld
mar wat der werklik yn him omgiet wit men net

Hy is in bistefreon, elts seach it as er mei syn hûn rûn
dan glimke er en de hudde tearen feroaren om syn mûle
want syn grutske freon dat is syn hûn
efter it noartske hat er syn djipste gefoel ferskûle

En jûns by de grutte tafel yn it skynsel fan it lampeljocht
as it hûntsje ticht tsjin syn fuotten oan lei
ha se tegearre mannich oerke trochbrocht
dan wie er net dy hurde sa as elts sei

Sa ûnopfallend libbet er syn libben
mei syn hûntsje en de âld fyts
oan ‘e bûtenkant in noartske man
mar mei in hertsje och sa lyts

Geartsje Suierveld
februari 1996

Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!

*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.

Stuur dit naar iemand