Archief Gedichten en Afbeeldingen Geartsje Suierveld Kramer |
Gefoel

GEFOEL

Do spilest de klucht, mar bist hiel oars as oars,
want de glâns yn dyn eagen sjoch ik net mear.
Dyn gesicht hast moai ferve mei in reade noas,
dy sa te sjen docht my wier sa sear.

Yn in read mei giel pak dûnsest yn ‘e rûnte,
mei dyn grutte wite punt-skuon oan.
Tsjin de bern makkest grapkes en lakest,
en litst neat merke en dochst hiel gewoan.

In protte wurd faeks sûnder wurden sein,
en dy triennen wolle wy faeks net wéze,
mar dochs kinne wy hieltyd wer
ut ‘e eagen wer sa’n protte leze.

Dit stille fertriet fan dy
haw ik my wier och sa oanlutsen,
mar do lakest en dyn gefoel
sit djip ûnder de ferve bedutsen.

Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!

*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.

Stuur dit naar iemand