Archief Gedichten en Afbeeldingen Geartsje Suierveld Kramer |
De Wrâld

DE WRÃLD
Op syn grize hier hie er in petsje
fol mei tearen wie syn hûd
de âlde man mei it stokje
en syn eigen fertroude lûd
En sa hie er syn twifels
oer dizze faaks ûnbegryplike wrâld
koe him dan sa machteleas fiele
want hy wie ommers al sa âld
Alle ûnrjocht koe er mar min ferkropje
yn syn lange libben wie der nea frede brocht
och sa graach woe er it noch belibje
dêr hat er sa faak oan tocht
ik seach de triennen yn syn eagen
ik soe sa graach wolle as it koe
mar de wurden kamen net út myn mûle
ik koe net sizze hoe graach ik it woe
Letter rûn er wer oer it paadsje
hiel stadich, want it wie him gau tefolle
in grutte wolk reek kaam út syn piip
en hy skodde mei syn holle.
Geartsje S. Maart 1997
Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!
*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.