Archief Gedichten en Afbeeldingen Geartsje Suierveld Kramer |
Firdgum Foarby

Foarby

Piipkrûd en bûterblommen sjoch ik lans it dykje stean
Ik lit noch efkes myn tinzen nei eartiids gean
Ik gong doe nei beppe op myn fytske en sjoch de bylden wer
Mem weau my út, sei dan: ‘Foarsichtich hear!’’

Ik fielde my sa grut op myn fytske hielendal allinne
Hie noch gjin each foar de blommen om my hinne
Pas letter seach ik de blommen bloeien lâns de dyk
fûn alles sa moai, as in plaatsje gelyk.

De loft is blau, de blommen stean te glânzjen yn de sinne
Noch efkes nei beppe, wat woe ik dêr graach noch in kear hinne
Ik rin oer it dykje en lit myn tinzen gean
Bliuw noch efkes by de blommen stean.

Dit dykje mei it piipkrûd en hjir en dér in fûgel yn ‘e loft
is einliks in bytsje myn dykje, want ik kin it al sa ’n skoft
Dit dykje is eins in lyts bytsje fan my
ik tink oan beppe en it fytske en ik wit it is foarby.

Geartsje Suierveld

Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!

*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.

Stuur dit naar iemand