Archief Gedichten Jan Haijes Westra |
It ramt

It ramt .. .
Wybrens Wapke hie in foarstel,
Hja siet mei yn it doarpsbelang
It pleatslike ferieningslibben,
Fan wurk dan ek net bang.
Wat hja woe gie net sa maklik,
It moast yn trije kranten printe.
Om âlde doarpsgenoaten,
Byinoar swylje yn in tinte.
Mei de help fan Gryt en Geiske,
Skriuwden hja de minsken oan.
It gie wol om in tûzend nammen,
Fersille oer it hiele lân.
Ek oan har dy’t emigrearden,
Amearika en Kanada.
Stjoerden se, wat it ek koste,
In aardich, freonlik briefke ta.
Men hoegde nearne om te tinken,
Oeral wie al wol om tocht.
By famylje en by freonen,
Waarden hja dan ûnderhrocht.
Yn it earstoan al wat skruten,
Hoe sil alles gean.
As it no mar slagge,
It koe net sûnder kosten gean.
Nei in dreech skoft fan tarieding,
Kaam de heugelike dei.
Ja, as wie it yn in wûnder,
De minsken kamen rûnom wei.
’t Wie hast net te leauwen,
Elk in namme op ‘e jas.
Mannichien dy seach it daliks,
Wy sieten yn deselde klas.
It rûze as in keppel guozzen,
Mei in drokte fan komsa.
Och heden ju, wat bist feroare,
Sa kaam de ien op de oare ta.
Allegearre sa tefreden,
Wat wie dit dochs in moaije dei.
De hichte en de lichte,
En de stân foel hjir ek wei.
Douwe hie in graad bihelle,
Durk bebuorke noch wat lân.
By it lytse taffeltsje.
It giet as mei it âlde fytske,
Wat west hat rêst by de âlde toer.
Wat wy dogge of wat wy binne,
It ramt, dat bliuwt allinnich oer.
Tsjummearum
J.H.W.
Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!
*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.