Archief Gedichten Jan Haijes Westra |
Kompjûters

Dit was het laatste gedicht van vader.
Baukje van der Zee- Westra
30-09- 1989 .
Kompjûters .
Mei it ferskowen fan de jierren,
Ha ferskate minsken skreaun,
Dêrtroch is sadwaande,
In hiele soad bewarre bleaun.
Yn de kleasters en de tsjerken,
Minsken mei in grut ferstân,
Lieten soks dan ek wol printsje.
Prachtich yn in gouden bân.
De hiele wrâld sit fol mei boeken,
Platen, skiven en de bannen.
Se binne hast wol siedde,
Yn alle ûnderskate lannen.
It waard sa probeare,
Der is ek lang nei socht.
Troch wriuwing en wat koper,
Sa ûntstie ’t elektrysk ljocht.
It bûtenlân, de steammasine,
Net te leauwen en sa’n kracht.
Izeren stêven troch de fjilden,
En se rieden ek by nacht.
Net ferjitte klank en lûden,
Troch en mei en sûnder tried.
Alles koe men sa beharkje,
Al wie it waar ek noch sa wiet.
De radio, de televyzje,
Kaam der nea in ein?
Raketten yn de romte,
’t Is de takomst wurdt der sein.
De bern, dy kinne der net sûnder,
Hja geane sa de takomst yn.
Is dát wol sa goed en nedich,
Binne wy ek sjende blyn?
Fjochtsje, tsjin de slimme sykten,
Party minsken hawwe stres.
Mei alderhanne apparaten,
Stean’ de dokters op ‘e bres.
Is alles wol sa klear en suver?
As wy troch de bosken gean’,
Moatte wy ek net ris tinke:
Sil’ hjir ea noch beammen stean?
Mar de minsken ha kompjûters,
Dát is de takomst, sûnder mis,
Bliuwt foar mannichien de frage,
Binne wy ek wol sa wis?
Wapke stiet by ’t wite widske,
By bar libbene kompjûter.
In kûltsje yn it lytse kin,
Hy skattert as in toeter.
Se kin der sa mei piele,
Dat soks yn ,t libben ek noch kin.
Weidzje mei de gleone eachjes.
Hy hat it sa nie ’t sin.
It binne grutte wûnders,
Alles sit der oan.
En hoe ’t sa ’n kompjûter wurket,
Dát giet boppe ús ferstân.
Tsjummearum J.H.W.
Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!
*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.