Archief Lytsebuorren |
Lytsebuorren interview met Jappie van der Weg 1997

Hier heeft jaren Jappie v/d Weg geboerd deze woont er nu nog.

Yn petear mei Jappie van der Weg.

Jappie van der Weg sit noch sichtber nei te genietsjen as er praat oer it grutte feest, dat er op 1 febrewaris yn it Wapen hâlden hat, foar al syn freonen en kunde, ter eare fan syn 65ste jierdei en it feit dat er 40 jier in komelkerij hân hat.
En in soad minsken dat der west hawwe, wol hundertfivensechstich!
En gesellich dat it wie, nóch geselliger as mei de merkedagen.
Hy blêdet yn in boek, dêr’t de foto,s fan ‘e grutte dei al foar him ynplakt binne, mei achteryn in soad aansichtkaarten mei de bêste winsken foar de jubilaris.
1febrevaris sil wol altyd yn syn unthâId bliuwe as in hichtepunt yn syn libben, ln dei om nea te ferjitten.
Der hiene noch wol fólle mear minsken komme kinnen, mar ja, der moast ien kear in ein oan komme, spitich, mar oars waard it fierstente fol.
Tagelyk wie dy dei in ôfslúting fan 40 warbere jierren as komelker.
It is tenei dien mei it aloan arbeidzjen mids kij, hynders en skiep.
Dat libben dat him altiten sa nei oan’t hert lei.
Dy foarleafde foar it fee begûn al, doe’t Jappie noch mar hiel jong wie.
Hy welne achter, it kafee, dêr’t Draaisma no wennet, waard dêr op 1 febrewaris 1932 berne as soan fan Kraas van der Weg en Tryntsje Dykstra.
Syn heit wie in gernierke en hie sa’n 6 kij, in hynder en twa keallen yn it bûthús
. Yn dy tiid hiene in protte lju, dy,t yn it doarp wennen, in stikmannich bisten op stâl.
Ik sil in jonkje fan in jier as seis, sân west hawwe, doe,t ik ús heit al holp.
Ien ko molk ik doe, dêr hie,k ek wol wurk mei.
It heucht Jappie noch qoed, dat er as skoaljonge, as er even frij hie, syn heit holp.
Dat wie myn lust yn myn leven.
As der wat te dwaan wie, die ik dat’ Bitesnije, meihelpe yn ’t hea.
It hea waard dan mei in heafoarke los op ‘e wein stutsen, om in bynpeal hinne.
Ik soarge derfoar dat hynder en wein foarút kamen.
Hy gong nei de iepenbiere legere skoalIe, op it plak dêr ’t no de Haven is. Gelokkich bleau der ek noch genôch tiid oer om te boartsjen.
De masters Toornstra en Bos wiene grutte keatsleafhawwers en de skoalbern waarden troch harren o sa stimulearre.
Wat hawwe wy doe in soad oan ’t keatsen west.
Healwei ienen moasten wy op skoalle komme, se hiene dan in list.
Koene wy noch moai even in potsje keatse foar ’t de skoalle om ien oere wer begûn.
Moarns foar skoaltiid waard der ek noch woL keatst.
En hazzeboartsje, dat mochten wy ek graach dwaan.
Soms gong it oer de spoardyk wol nei Furdgun ta, oer de grutte dyk gongen wy dan werom.
Bytiden ek noch wol troch de Westerbuorren, lópen wene dat, jûns hiene je dan de ein yn ,e bek.
Bern fan beide skoallen diene dêr oan mei, de hazzen moasten pakt wurde troch de jagers .
Wat in moaie tiid wie dat doe, gesellich, folle fijner as no.
No wolle de bern net iens mear sa,n ein druve.
Wenje der no noch in prorte klasgenoaten fan Jappie yn Tsjummearum?.
In hiel soad binne fuortgongen Jan Hiemstra en Jelle Bleeker wenje hjir noch.
Mei Jan Hiemstra haw ik ek in soad boarte.
Dan leine wy op ‘e grûn mei ús autootsjes te boartsjen.
Knibbellapen hiene wy dan op ,e broek, oars hie it tefolle te lijen.
Nei de legere skoalle gong Jappie fjouwer jier nei de lânbouskoalle yn Frjentsjer.
Ien jier twa kear yn ‘e wike, trije jier gong er dêr ienris yn ‘e wike.
De oare tiid wie er dan by syn heit oan’t wurk.
yn ,e biten of rapen, der wie altyd wol wat te dwaan,wanf alles wie hânwurk.
Oant sinteklaas ta leine se op ‘t lân.
Jappie bleau iennichst bern, broers of susters hat er dus net, alhoewol ’t him dat wakker moai talike.
Ik haw der altiten op sitten te wachtsjen.
Mar it kaam net.
Us mem wie altiten syklik, se hie in tumor yn ‘e holle.
Der brutsen tiden fol spanningen oan yn de húshâlding fan van der Weg.
Soms barde it midden yn ‘e nacht, dat syn mem net goed waard en Jappie út bêd moast om dokrer Noordhof derby te heljen.
Hy wie in jonge fan 13 doe’t syn mem yn 1946 kaam te ferstjerren, 49 jier wie hja noch mar.
Jappie en syn heit ferhuzen yn 1947nei de Lytse Buorren, dêr’t se fierder gongen mei buorkjen.
Mar op’e nij kamen der swierrichheden.
No wie’t Jappie syn heit dy’t siik vaard ên op bêd rekke.
Mei in muoike hat Jappie him doe fersoarge.
Nachts wie’t syn beurt, mar dat hold er op’t lêst net mear fol.
Doe kamen der oare minsken, dy’t om beurten by syn heit wiene, mar Jappie koe him yn dy tiid noait deljaan, alles hearde er.
Nei in siikbêd fan in jier kaam syn heit ek te ferstjerren en stie Jappie der mei syn 23 jier hielendal allinne foar.
Mar hy hold de kop derfoar. br> It fee en it gewaaks hiene syn omtinken nedich.
Jappie tinkt mei in soad nocht werom oan dy eardere tiden.
Wrotte en wrame moasten jo doe, mar wat koe it ek gesellich wêze.
In protte minsken hiene doe Iân yn ‘e mieden, Jappie skoddet se samar út ‘e mouwe.
Meile de Vries, Feitzen Hendrik Talsma, Jan Spoelhof , Auke Swart, Gosse Terpstra, Wibren Oosterbaan, Durk Stienstra, Reinder W.de Haan, Sjoerd Terpstra, de bruorren Sijbesma.
Op moaie simmerdagen wiene it allegear weinen, meast haaiweinen yn ‘e mieden.
Drok wiene de manlju dan oan ,e gong om it hea op ‘e wein te laden.
Om in oere as trije, healwei fjouweren wie it tiid foar kofje en kaam der in reade bûsdoek op ‘e lap mei hearlik brea mei spek deryn.
Yn ferliking mei doe,. is der no neat mear oan.
Al dy pakjes op ‘e wein donderje, ja je binne gau klear, dat wol.
Al dat hânwurk soe yn dizze tiid fansels net mear út kinne.
Mar der wiene ek wol neidielen oan dy tiden fan alear.
Foar de ruilferkaveling hiene wy oan ‘e Kapellewei, mar ek yn ‘e mieden twa stikken lân.
Wy moasten mei de kij oan it tou nei in stikje lân, dat lei achter it hôf by Dokter.
By Fongers oer it hiem gongen wy dan in âld rotreed lans mei sókke gâtten.
Nei de ruilferkaveling krigen wy alles moai byinoar folle makliker.
De tiden feroaren, nije masines kamen op it lân, it hynder moast plak meitsje foar de trekker.
Jappie woe der lykwols mar min oan, mar koe op’t lêst net mear oars.
Yn ’79 bin ik opholden mei it hynder, ik wie de lêste hjir.
Oaren wiene woL tsien, soms ek woL 15 jier earder oerstapt op in trekker.
Ik hie der hielendal gjin sin oan, ik wie no ienris in leafhawwer fan in hynder.
Trekkers, auto’s en kranen hawwe my noait in moer skele kinnen.
Mar der kanen hieltyd mear auto’s op ‘e dyk en dêr binne hynders net op makke, it waard op ‘en doer levensgefaarlik!
Letter mocht ik oars wol graach op in trekker ride, mar it wiene mar lytse hoartsjes, ik woe net graach in hiele dei op in trekker, hâld op!
Ik haw ekris in skoftke oan ‘e gong west mei my rydbewiis, mar dêr bin ik mei opholden.
Ik hie gjin nocht oan autoriden, ik fyts folle leaver, dan sjoch ik ek noch folle mear.
En ferfier kin ik altyd wol krije as ik ergens hinne wol.
Troch de meganisaasje moasten der in soad masines oantúgd wurde, it mingd bedriuw, dat de measte boeren út dizze omkriten hiene, soe foar it grutste part ferdwine, om ’t men no ienris net yn bou én fee ynvestearje kin.
Jappie hat altiten wat biten oanholden foar de kij.
In 15, 16 kij hie Jappie, earder hiene dat in8 oant 10 kij west.
Der waard letter noch in bûthús oanboud.
Op syn meast hat er in 28 kij hân, de lytse keallen der ek by rekkene.
Mei de 20 skiep dy’t er ek noch hân hat, wie it bûthús dan mear as beset.
Dat wie doe wol fol hear, hartstikke fol.
Lykas by Lootsma, mar dêr is it nóch foller as hjir.
0p syn heechst hat Jappie 10 kij mei de hân molken.
De molkmasine, dy’t der letter kaam, wie al in hiele ferbettering.
De molkbussen, dy’t foarhinne altyd op in karke nei de ein fan de Lytse Buorren brocht wurde moasten, by Sym en Gryt, rekken út ‘e graasje, doe’t der in tank kaam.
In molklieding hat er lykwols nea hân, dat alles moast yn amers nei de tank sjoud wurde.
Hie Jappie mei al dy drokten noch wol tiid oer foar hobbys?
Der is ien leafhawwerij, dêr’t ,Jappie fuort net oer útpraten rekket.
It hat te meitsjen mei ..hynders fansels.
Ik mei o sa graach nei de hynstemerk ta.
Der gean ik altyd mei Siebe Haakma hinne.
De hynstemerk fan Súdlaren is máchtich! yn myn eagen is dat in weareldgebeuren.
Folle mear as twatûzen hynders en ponys, 150.000minsken, 700 kreamkes, rommelmerk, merke.
By dy lêste saken kom ik net, ik kom foar de hynders.
Je kinne op in hynstemerk samar mei ien prate, dat hawwe jo op in skieppe- of kowemerk sa net.
Hoe,t dat komt wit ik net, der komt dêr grif oar folk.
Oer hynders is fansels ek folle mear te praten as oer kij en skiep, dy binne allegear gelyk, dêr binne jo gau op útsjoen.
Mar der is net ien hynder gelyk.
In oare hobby fan my is it harkjen nei muzyk, ik haw hiele moaje muzyk op in bantsje.
Watfoar soarte muzyk ik fan hâld?
No, fansels, feestmuzyk, dát fyn ik prachtich!
Yn de Lytse Buorren, dêr’t Jappie no al wer sa’n 50 jier wenne hat, is ek in soad feroare yn ‘e rin fan ‘e tiid.
Wie it dêr foarhinne ien en al drokte, mei twa winkeltsjes, fjouwer gerniers , in hannel yn twaddehâns guod, fan al die drokte is no neat mear te fernimmen.
It hûs foar Jappie oer, hat ferskate bestimmingen hân.
Earst wie it in tehuis van ouden van dagen, letter hat it konfeksjebedriuw fan Engel deryn sitten, dát wie prachtich!
Op myn jierdei, kamen der in hiel soad froulju, guon namen dan in aardich slokje, en as se dan wer oan,t naaien wiene, dan swaaiden se de jurken wol oant de souder ta,ha,ha, ha!.
Jappie kin him no noch wol fergrieme as er oan dy gesellige tiid weromtinkt.
De fammen kamen wol graach by lappie oer ‘e flier.
Se kamen ek wolris yn’t skoft, se fleagen dan earst nei de Buorren ta om sukelade en nogablokken te keapjen.
Jappie syn jierdei wie altiid in jierliks hichtepunt.
Mar dat hat net altyd sa west.
Doe’t ik earst allinne wie, siet ik mei wat sûkelarjemolke en in koekje allinne, der fûn ik neat oan.
Ik begûn te prakkesearjen, hoe soe ik dêr ris wat beweging yn krije kinne.
Ik haw doe in man as wat útnoege, om 10 oere by my te kommen.
It oare jier kamen se wer, guons kamen doe middeis, dan koe it wat langer lije.
Letter kamen se ek jûns, it prate hieltyd fierder fuort.
Sa is dat trepkegewize opboud.
Doe hie,k in moarns, middeis en in jûnsploech.
Jûns sieten alle fertrekken fol.
Mar net allinne as Jappie in feestje hâld, komme de minsken by him, by sykte en swierrichheden wiene se der ek.
Lykas in skoft lyn, doe’t er fanwegen in heupoperaasje 16 dagen yn it sikehûs Iizze moast.
Yn 5 dagen hawwe der 52 minsken by my west, it stjerke my jûns allegear foar de kop.
Se sizze dan wolris wat oer Tsjummearumers mar soks is yn ien wurd geweldich!
Jappie wit dat er in soad freonen hat, dy’t om him hinne steane as it derop oan komt.
It hie wol wat symboalysk, op Jappie syn feestjûn yn it Wapen, doe’t op it hichtepunt fan ‘e jûn de ljochten út gongen.
Mei in strieljende Jappie as middelpunt, waerd hy yn it skynsel fan tsientallen oanstekkers tasongen: You never walk alone.
Jappie van der Weg, in man allinne, mar immen dy’t gelokkig, net allinne hoecht te gean yn it libben.

febrewaris 1997 Ynterview: Geartsje van Dyk.

Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!

*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.

Stuur dit naar iemand