Archief Openbare Lagere School |
Juf Tamsma 40 jarig jubileum 1975

Foarbij …….. mar net forgetten-

40 lange jierren,
Stiene jo al foar de klas.
De bern hwa skruten en forlegen,
Holpen Jo dan yné jas.

De âlden kaemen faek mei fragen,
Hwant elk syn bern-dy wie sa goed…
Jo hiene al dy lange jierren,
Safolle soargen en -de noed-

It gyng dan soms ek net sa mak’lik,
Hwant de stof wie tige dreech.
Mar mei hwat takt en moedich oerliz, Hellen Jo de bern omheech.

Tankber, ek foar al it goede,
Oan it doarp yn ’t algemien.
Mei folle ynset en oertsjûging
Ha Jo dat mei leafde dien.

Elk hat sa syn tiid forsnobbe,
It libben giet faeks as in sucht.
Mar Jo namme, pronket altyd-
Op ús skoalle en—mei rjucht-

Hjerst 1975.
Jan H. Westra

Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!

*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.

Stuur dit naar iemand