Archief Kaatsen Tzummarum |
Finaleparturen J.F. te Easterein 2011

Jong Feintenpartij in Easterein op 27 juli 2011

Finale;
27) Frjentsjer 1 – 7) Tsjummearum 1 5-5:8-6!

Nei de ferlotting en oare offisjele ferplichtingen geane we om efkes nei fiif oere los mei de finale!

It earste earst is foar Tsjummearum, as Patrick op 6-6 bûten slacht. Op 6-4 pakte Steven de keats mei in backhand. 0-1.
In bûtenslach fan Patrick, boppe fan Hans, sitbsl fan Patrick en wer bûten, 2-6 en in lytse keats.
Frjentsjerter Erik slacht út, mar Steven slacht werom foar de keats, 0-2.
1-2, Patrick op 6-4 (boppeslach Erik op 4-4) de opslach die Steven útslacht. Erik slacht werom yn it perk.

In bûtenslach fan Patrick op 4-6 bestjut in gat fan in spul, 1-3. En ek it folgende earst is foar Tsjummearum as op 1-3:2-6 Hans in sitbsl slacht. Arnold is wer efkes fan de opslach.

Frjentsjer komt wer by as op 6-6 Patrick de bal boppe slacht, 2-4. En dat nei 2-6 efter!
Frentsjer makket tafolle fouten oan de opslach en de ballen die yn binne wurde goed ferwurke troch Hans en Steven. OP 2-6 slacht Pastrick er bûten.
Hy moat it ek lûke yn it partoer fan Frjentsjer al wurdt hy knap stipe troch Erik yn it perk, Jan docht wat der kin by de twadde opslach. Op 2-6 is it 1-5.
Dit kear is de winst foar Patrick as hy op 4-4 beide keatsen pakt!, 2-5.
Mei 2-4 en twa dikke keatsen in kâns foar Frjentsjer. De earste pakke se as Hans kwea útslacht. De 6-4 is foar Frjentsjer as Hans de knappe opslach fan Patrick net goed ferwurket. 6-6 wurdt it nei in foarslach fan Patrick.
De folgende opslach wurdt wer troch Hans kwea slein, 4-5 en it is wer partij, seker as Patrick in sitbal op de kwea slacht.
Dernei pakt Tsjummearum beide keatsen troch sitballen fan Steven en Hans. As Hans bûten slacht wurdt it 4-4.
De earste keats wurdt knap pakt troch Frjentsjer, De oare keats is foar Tsjummearum. Op 6-6 slacht Hans op, en Erik slacht de keats foarby, as Hans tinkt dat it lear is, 5-5!
5-5:6-6!. Patrick slacht op, Hans út en Jan Hof pakt de winst op de Sande Jong-Feinte troch de bal werom te slaan yn it perk!
It ferrin fan it earst. 0-2, kwea út Patrick, 2-2 bûten Hans, 2-4 platte bal Jan, twadde stuit Hans. 4-4 as Steven de keats foarby slacht. Foarslach fan Patrick, 4-6 en dernei in geweldige sitbal op de kwea fan Patrick, 5-5:6-6!

Wat in finale!

1. 27) Frjentsjer 1
2. 7) Tsjummearum 1
3. 24) Peins
3. 20) Wjelsryp

Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!

*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.

Stuur dit naar iemand