Archief Kaatsen Tzummarum |
Hemelvaartsdag 25-05-2017

It partoer fan Bitgum hat tongersdei yn Tsjummearum de ōfdielingspartij foar haadklassers op syn namme skreaun.
Yn de finale wienen de Bitgumers folle better as it partoer fan Ljouwert. Se wūnen mei 5-0 en 6-2. Grutte animator oan de kant fan Bitgum wie de prima spyljende Tjisse Steenstra, dy’t stipe krige fan syn maten Johan van der Meulen en Steven Koster.
Ljouwert, dizze kear keatsend mei Enno Kingma, Jouke Bosje en Hans Wassenaar, koe it yn de finale net mear bringe.
De lytse preemje yn Tsjummearum wie foar it partoer fan Frjentsjer mei de keatsers Steven de Bruin, Allard Hoekstra en Patrick Scheepstra.
Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!
*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.