Archief Gedichten Jan Haijes Westra |
Leafde

Leafde…
Tsjitske wie in aardich famke,
sa oanfallich, altyd bliid.
Elkenien dy met har boarte,
sei, dat pjut is by de tiid.
En op skoalle net de minste,
woe beslist ek mei foaroan.
Master liet sa wol ris merke,
it bern dat hat in goed ferstân.
Nei de skoaltiid altyd fleane,
dienen dan wol sideplak.
Se koe rinne as in hazze,
oan ‘e jonges hie se lak.
Boarte meast mei Willem Doekes,
Dy wenne op ‘e âlde stjelp.
Syn heit, in tûk gernierke,
hie ferlet fan goeie help.
By Tsjits har âlden frij wat rommer,
hienen hiel wat buorkerij.
Heit en mem, betûfte minsken,
molken al sa ’n tweintich kij.
Mei glâns de leeg ‘re skoalle helle,
Willem moast by heit op ’t lân.
Tsjitske soe mar fierder leare,
want dat paste by har stân.
Ek har twa jier âldere suster,
leerde yn de grutte stêd.
’t fanke moast d ‘r sa foar blokke,
in tas fol húswurk, let op bed.
Willem moast it baitsje lûke,
amper skoft, net folle lins.
Heit hie dan in sechje,
wy libje hjir net as in prins.
Dochs hie hy in goeie holle,
Winterdeis nei skoalle ta.
Folge mannich lânboulessen,
want men moast pompieren ha.
Altyd op in gammel fytske,
miste noait, hy wie d ‘r trou.
Krige sa in ûnderskiding,
foar syn kennis yn de bou.
Nei in mannich swiere jierren,
naam hy ôfskied fan syn minsken.
Stapte op in grutte boat,
nei it lân fan dream en winsken.
Ek fan Tsjitske naam er ôfskied,
it fanke hie it net sa rom.
Ast ‘ dêr wier net bankje kinste,
komst dan rid’lik gau werom!
De post brocht har ferskate brieven,
Tsjitskes heit koe ’t net mear oan.
Doe liet hja har Willem witte,
heit woe dy mar op syn lân.
Dan kinne wy mei koarten troue,
en komme op ‘e buorkerij.
Binne dan foargoed togearre,
‘k Sil dy helpe foar de kij.
Hja trouden ek in hoartsje letter,
de jonge boer, fol goede moed.
Tsjits har heit moast nou bekenne,
Willem docht it tige goed.
Kuiere gouris mei har jonkje,
grutsk, it wie syn neigeslacht.
Eage oer de ripe fjilden,
Weagjend nôt, it wie in pracht.
’t Deistich libben is sa wankel,
minsken ha it gauris mis.
Net oan ús, om út te meitsjen,
hoe sterk as wiere leafde is.
Tsjommearum, winter 1981
J.H.W.
Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!
*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.