Archief Gedichten Jan Haijes Westra |
Bisten

Bisten…

It hat ús o sa troffen,
De slimme ramp op ’t Amelân,
Acht foarse, sterke hynsders.
Rêste ivich,- oan it Noardséstrân-.

Yn’e striid, tsjin it kôkjend wetter,
Fjuchtsje, foar in minsk yn need.
Moasten hja it sels forlieze,
De sé, is dan woest en wreed.

Al faker is ús moaije eilân,
Troffen troch it oergeweld.
En nou, acht moaije swarte hynders,
Wy ha se allegearre teld.

Wy fiele sa, hoe’t men dêr rouwet,
Op syn tiid jowt elk biliez.
Net allinnich foar in minske,
Ek in bist, is in forlies.

Oan ‘e wâl, dêr stiet in stânbyld,
Fan in moaije Fryske kou.
Op ’t Amelân, – dêr past in hynder,
Net lang wachtsje, doch it gau-.

Tsjommearum, Simmer 1979 J.H.W.

Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!

*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.

Stuur dit naar iemand