Archief Gedichten Jan Haijes Westra |
It is mar in fraech

IT IS MAR IN FRAECH . . .

Op in moaije simmerdei
boarre men oan de Kapellewei
samar gatten yn ‘e groun.

En sûnder alles út to lekken
wie men tige wol to sprekken
oer itjinge dat men foun.

It folk hie nearne yn ‘e gaten
mar rekke dochs op ’t 1êst oan ’t praeten
Of ’t wol goed wie… hwat men die.

Alle dagen kinn’ wy heare
Sille wy dit boarjen keare
Mar men komt net ût ‘e rie.

Unbidich ark stiet nou to stampen,
De doarpsljue binne bang foar rampen…
It ôffal en it slyk-
Spuyt men efter de sédyk.

Nei al dat praet oer wél en wé
Streamt de smoargens nei ús sé.
It griist yen oan, ’t moat yen bikrûpe
Lit doch us neiteam net forsûpe

Tsjommearum J.H.W.

Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!

*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.

Stuur dit naar iemand