Archief Gedichten Jan Haijes Westra |
Rampen

Rampen…?

’t Is wol sa kommen as wy tochten,
De lêste winter wie gjin ramp.
De hoop, it skeinde gau oerein to helpen,
Gie wêrop yn waes en damp.

Se stjûrden sûnder te bitinken,
In roubrief nei it noarden ta.
Dat men earst sa goed biloafd hie,
Dêr moast men no wêr neat fan ha.

De menister spriek do sa oertsjûgend,
It Fryske folk hie goede hoop.
En nou, mei sa ’n ûnnoazel briefke,
Sit mannichien wêr yn ‘e knoop.

Foar radio en televysje,
Wie wol to sjen hoe ’t is forroun.
Lange rigels moaije beamen,
Tofretten, ôfknapt tsjin’e groun.

By rampen yn de takomst,
Slute hja de telefoan.
Nou hawwe wy dan wol de hichte,
Hwer bliuwt in minsk syn soun forstân.

Op in ûnbirikber plak.
En de net forwachte earebarre,
By jonge minsken op it dak.

Om noch mar net te swijen,
Fan in heiselike brân.
It earste hat men dan wol nedich,
De sa fortroude telefoan.

Sa’n kammenet op hege poaten,
Mei staesje en gebaer.
Dat fine wy mar frij hwat gammel,
Jow ús dan mar in geef dressoir…

Tsjommearum, foarjier 1979
J.H.W.

Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!

*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.

Stuur dit naar iemand