Archief Gedichten Jan Haijes Westra |
Tael

Tael…
It ammet en it libbet,
Wy neame dat gewoan natûr.
Wy preauwe en wy rûke,
Is it swiet of is it sûr.
De maerteblom, mei wite klokjes,
Sizze ús de maijtiid oan.
De narcis en de tulp,
Bloeije straks wêr wûnderskoan.
De katsjes, van de els en wylgen,
Pronkje tsjin in blauwe loft.
Sa ûntjouwt him al it moaijens,
Nei it kâlde winterskoft.
It fordwaelde lytse lamke,
Ropt skriemend oan it âlde skiep.
De koekoek jowt in oar syn aeike,
Dy fûgel is sa slim en liep.
Troch it greate himelrom.
Elk siket sa syn eigen plakje,
Al wat libbet komt werom.
De bûnte kealtsjes yn ‘e greiden,
Springe gysten yn it rûn.
In wûnder is it, dy ûntjowing,
Fan ús âlde Fryske groun.
In blide mem stiet by it widske,
Fan har alderleafste skat,
Docht mei de mûle hwat meneuvels,
Sjuch, se laket ek al hwat.
It glimket, docht gelûden,
Tsjin har mem en tsjin har heit.
Hoe lang sil it noch duorje,
Dat se Fryske wurden seit?
Sawol de fûgels, bist’ en blommen,
Sprekt sa elk syn eigen tael.
Dat giet al sûnt de skepping,
’t Is in moai en wier forhael.
De minsken brûke safol talen,
En kin’ elkoar faek net forstean.
Se moatte by ’t begjin fan ’t libben,
Al nei greate skoallen gean.
Us Fryske tael al sa foroare,
En wêrom moat dat nou?
Hoe moatte wy it einliks skriuwe,
In kou bliuwt dochs in kou.
Dêr moat opslach in ein oan komme,
It kin sa wier net langer gean.
Straks moatte al die leave memmen,
Mei ’t wurdboek by de widze stean.
Tsjommearum, foarjier 1980
J.H.W.
Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!
*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.