Archief Gedichten Jan Haijes Westra |
Yens neiste

 

Yens neiste….

It is sa ’n spul, sei Goffe Geeske,
In protte beantsjes op it lân.
En nou hat Goffe ’t mei de mage,
De man stiet suver yn ‘e bran.

Juster ek al net sa monter,
Do kaem er al yntiids wer thús.
Kriget ek al medisinen,
En ivichoan yn ’t âlde krús.

‘k Sei, sil ik it weagje,
Mar dat foun hy hwat to gek.
Op it lân dêr wurdst sa smoarch,
It is allegearre drek.

Tsjal, die it forhael oan Tsjisse,
Dy thús kaem fan syn wurk.
Hja moasten hjir de neiste helpe,
Sûnder dat in oar it murk.

Goffe sei, dát soe hwat wêze,
Dan wurdt it spul net wei.
Fan ‘e sleat, de achtste eker,
Dan hoech ik dus net mei.

Moarnsbitiid, it wie noch skimer,
Dêr pandere de goeie Tsjisse.
Wakker oan it eker tellen,
Dit wie ‘ m dan, it koe net misse.

Minsken, hwat wie alles ryklik,
Yn ommesjuch de amer fol.
Tige plat en op ‘e knibbels,
En hy wrotte as in mol.

De beide froulju oan ’t birêdden,
En foar dat elk it wiste.
Yn in feech yn plêstyk pûden,
Daliks yn ‘e koele kiste.

Allegearre sa tofreden,
It kerwei wie mar in skeet.
Soks, moast ris hwat faker barre,
Yens neiste helpe yn ‘e need.

Fûch trije dagen letter,
Kaem Piter Wytses op syn lân.
Hy seach syn eagen ut ‘e holle,
Dit wie slimmer noch as brân.

De man koe it mar net bigripe,
En hy stie sa stom forbaest.
Wie dit nou in natûrforskynsel,
Hie in stoarm oer syn eker raest!

It forsin is goed bisprutsen,
D ‘r is ek lake, tot en met.
Tsjal, dy sei ek noch tsjin Tsjisse,
Dou kinste dochs wol telle net?

Geeske die har friezer iepen,
Hwat dochs wer in ryk bisit.
En Piter Wytses wyfke,
Stâlde goffes beantsjes ânder ’t lid.

Tsjommearum, simmer 1979
J.H.W.

Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!

*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.

Stuur dit naar iemand