Archief Gedichten Jan Haijes Westra |
Boelguod

Boelguod

Wabe woe mar emigreare,
De hiele boel nei Kanada.
Hy hie in protte âlde rommel,
Moast dus wol in boelguod ha.

It nedige yn grutte kisten,
Hja hienen ek al fjouwer bern.
Koe einen yn ‘e takomst sjen.

Foar yn ’t doarp in leaf lyts spultsje,
Dêrop kaam syn jongste broer.
It gie net út ‘e romte,
Mar dy naam ek spullen oer.

Kanada, dêr wie noch takomst,
Der koe in boer syn eigen wêze.
Net benepen en sa krap,
Sa koe men yn de kranten lêze.

Foar immen dy’t dêr buorke,
Wie it jild goed hurd en geef.
Elkenien hie hast in auto,
Wie men thús en wat op dreef.

Amearika en Kanada,
Foar mannichien in dream.
Alles wiid en rom en ryklik,
Dollars groeiden oan ‘e beam.

Wabe hie in bult mei rûchte,
Biestoppe ûnder grutte twigen,
It like wat, ’t wie suver neat,
Heechút in kroadfol hynstefigen.

Harmen Hikes seach sa’n niget,
Brûkte sels wat tsjerkelân.
Kocht ek noait net folle keunstdong.
Struide mei in krappe hân.

Keimpe kriel, mei alve geiten,
Altyd kriel en wâlhea tôge.
Sei tsjin Harmen bêste man,
Keapje no in flitsebôge.

Jo Steane op it ekersein,
En binne altyd seker.
Sjit dan, mei de flitsebôge,
Die hynstefigen oer de eker.

Der waard noch tige lake,
Pabe kocht de bernewein.
Silst’noch oan de hynstehjouwer,
Waard der gnyskjend tsjin him sein.

Douwe Durkje naam de tobbe,
Mei in skurf en Sútrich rak.
Sa krigen al dy brûkte dingen,
By in oar wer ûnderdak.

Seis minsken mei in grutte steamboat,
Op reis nei ’t ûnbekende lân.
It libben yn it lytse doarpke,
Gie wer fierder en gewoan.

Tsjummearum J.H.W.

Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!

*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.

Stuur dit naar iemand