Archief Gedichten Jan Haijes Westra |
Skoskejeije

Skoskejije…

Sneins koe mannich skoallejonge,
Him ôfgryslik deaferfele.
Stiellen woartels en ek rapen,
Fan wa, dat koe gjin mins wat skele.

Meastal wie der wol in bysfeint,
Dy ’t foarop yn ‘e keppel rûn.
Einen swalkje troch de fjilden,
Faak oant yn ‘e lette jûn.

Yn de iere maitiid,
By de âlde sleatten lâns.
Tochten dan in aai te finen,
Mar meastentiids gjin kâns.

Farre, mei de swarte preammen,
Uttocht ûnder tsjerketiid.
Wylst de dûmny stie te preekjen,
Driuwden hja al op it wiid.

Winterdeis, mei’t fûle friezen,
It iis yn dobbe en ‘e feart.
Makken hja oan grutte skossen,
In bytsje wurk, dat wie bar neat.

Jilles fan ‘e bakker,
O sa linich en beret.
Fleach as wie ’t in hazze,
Men berûn him net.

Ynze mei de noastergatten,
Wie de soan fan in gernier.
Sels syn alderbêste maten,
Fûnen him in klier.

Efter de âlde buorren,
Lei in lange, brede feart.
Dêr hie mannich knoffelich berntsje,
It earste preamkeskowen leard.

Alles lei yn grutte skossen,
En it soe mar heve.
Ynze sei, mei’t boarst foarút,
Jim sine wat beleve.

De beide jonges hienen wedde,
En ek daliks útbesteld.
Wa as earste oer de skossen,
Dy waard dan de held.

Goasse telde ta oan trije,
En de striid dy brânde los.
Mar midden op de glêdde skossen,
Waarden hja de klos.

Jilles fleach pardoes tsjin Ynze,
En it wie as yn in wonder.
Tagelyk mei klompen oan,
Gyngen hja doe kopke ûnder.

Men koe har by de lurven krije,
En alles wie ek goed beteard.
Sa gie dat yn it ferline,
Op in âlde grutte feart.

Tsjummearum J.H.W.

Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!

*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.

Stuur dit naar iemand