Archief Gedichten Jan Haijes Westra |
Boerehelp

Boerehelp….
Alle dagen fan ‘e wike,
Fleane hja troch ’t Fryske gea.
Unbidich ark yn alle soarten,
Foar de risping en it hea.
Maitiids, mei, de measte drokte,
Giet it faak fan ier oan’t let.
Ek it alderlytste hoekje,
Ferjitte hja dan net.
Net te tillen swiere ploegen,
Skuorre troch it fruchtber lân.
Siedzje, alle soarten fruchten,
Foar ús âlde boerestân.
Hoedzje, tsjin it ivich ûntúch,
Alle sykten en it kwea.
Meitsje hja dan o sa spitich,
Mannich moaie fjilden dea.
De tiden binne sa feroare,
Gjin moaie hynders foar de wein.
Noflik efter de âlde skûle,
Kofjedrinke, op it ein.
Foarútgong is ek net te kearen,
Wat foarby is ha wy hân.
De plicht te sjidzjen en te rispjen,
Docht it wurkfolk op it lân.
Tsjommearum J.H.W.
Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!
*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.