Archief Gedichten Jan Haijes Westra |
Monumint

 

Monumint

Al hast tûzen jier yn forline,
Bistou forrizen út ‘e sé.
Us foargeslacht, de stoere Friezen,
Hienen hjir doe al drachtig fé.

Wrakselje tsjin wetterfloeden,
Altyd skraech de kop er foar.
Manmachtich wie men altyd dwaende,
Hjir in dyk en der in skoar.

It wie hjir goed to wenjen,
En ’t swiere lân, de se ûnlutsen,
Wie mei troch minskelike kreft,
Rikelik, mei fê en frucht bidutsen.

Maitiids, simmers en ek hjerstmis,
Kloften minsken op it lân.
Mei ienfaldich ark seach men de keppel,
Sichtsje, yn it ripe koarn.

Jerappels sykje op ‘e ekers,
Groue mudden op ‘e lea.
En it nôt oan moaije stûken,
Skreppe foar it deistich brea.

Boppe har, driigjende loften,
Yn de fierte, de âlde toer .
Elk, hie hjir syn djûre plichten,
Op ûre en tiid wer nei de boer.

Dou krigest ek in goede namme,
Men hoegde hjir gjin drege kar.
Mei noed en swit, de sé ûntwoarstele,
In swier kerwei, faek slim en bar.

Wy makken in tapaslik wapen,
Fan it fruchtbere gehiel.
Mei rjucht, koestou dyn namme drage,
As de gemeente Bar-radiel.

Langlesten, hie men noch sa’n noeden,
De diken moasten wer omheech.
Wy koenen hjir dochs net forsûpe,
Dan mar de greate ponge leech.

Fan hegerhân wurdst nou forkwansele,
Dan de buorlju, sa ’t men seit.
Dyn namme, moat mar gau forstjerre,
Yn de greate ivichheit.

It sil us skielk dochris binije,
Hoe alles komt en hoe it rint .
Lit ús neiteam dy noch eare,
As in forskiten monumint.

Tsjommearum, hjerst 1979
J.W.H.

Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!

*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.

Stuur dit naar iemand