Archief Gedichten Jan Haijes Westra |
Kearsljocht

Kearsljocht
Mei it koarten fan de dagen
Gean ús tinzen faak tebek.
Nei it jier, sa moai en sinnich,
Ek oan iten gjin gebrek.
Ryklik wie ek wer de ûnrêst,
Dy ’t d’r libbet op’e wrâld.
Altydoan mar egewearje,
Oer in grut en sterk bewâld.
Wy fielden us sa heech en machtich,
Tige skoarje tsjin it kwea.
Yn’e fierte en om ús hinne,
Fûn wer mannichien de dea.
Miljoenen minsken troch de strjitten,
Yn it herte o sa bang.
Lit ús dochs yn frede libje,
Hald dy wapens yn betwang.
Neisten sttte stil te skriemen,
Wat hja dit jier ha ferlern.
In Heit, in frou, in alderneiste,
In Mem, dy ’t rouwet om har bern.
De fjilden binne keal en neaken,
it eachweid, tige wiid en rom.
De Wyn, dy rûzet troch de beammen,
Natûr leit yn syn winterslom.
Kearskes sille aanst wer ljochtsje,
Tusken mosk en dinnegrien.
Elkenien hat syn betinken,
En der falt noch fest in trien.
Klokken fan it Krystfeest liede,
Oer in bange, neare wrâld.
Us Ferlosser, yn it kribke,
It ferkaal is al sa âld.
Wij langje sa nei rest en frede,
Wat helder ljocht yn dizze tiid.
Net in wrâld, folsûne minsken,
Sûnder sykte, sûnder striid.
Wy moatte fakentiids berêste,
Al hoe hurd de tiid ek flocht.
ienris moat de minske bûge,
Foare it Alderheechste Rjocht.
J. H. W. Tsjommearum, Krysttiid, 1983
Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!
*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.