Archief Gedichten en Afbeeldingen Geartsje Suierveld Kramer |
Winsk

Winsk

Alles fan ‘e natuer hat hjir syn plakje fûn
In moai gehiel makket de loft mei al it blau en it sinneljocht
Oeral libje minsken en bisten yn it rûn
Sa is alles fan de wrâld moai betocht.

Sa binne de minsken allegearre as in lyts minske begûn
As in helpleas lyts protsje út ‘e memmeskurte wei
Hawwe sa lyts en sa ôfhinklik in lyts plakje op dizze wrâld fûn
Doe’t se it libbensljocht seagen op in dei.

Krekt as in blom sa brekber en samar brutsen
Krekt as fûgels út it aai
Dy’t mei harren lytse wjukjes útstutsen
Ut it nest fleane op in dei.

Krekt as blommen en de fûgels moat hjir foar elts in plakje wêze
In minsklik libben foar elts Minsk
Ut in protte minske eagen kin men lêze
It is ús grutste winsk

Geartsje Suierveld,
december 1992

Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!

*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.

Stuur dit naar iemand