Archief Boerepleatsen en Gerniershuzen |
Waltaleane 1 “Walta-State”

Dhr. J.G.Wijngaarden Waltaleane 1 “Walta-State”.
Fan dizze pleats ha wy ek wer twa foto ’s makke.
Op de earste komt de foarein moai út; de twadde jout de Pleats fan fierren ûnder in prachtige wolkenloft.
Foar Johannes G. Wijngaarden wennen hjir syn âlden, de fam. Gerrit Wijngaarden.
Derfoar û.o. fam. P.Hoogland (1910-1933) en Koopmans?
De Pleats is boud yn 1714 (letter bybout).
Dernei fam. Gerrit Wijngaarden en fan 1969 oan ’t no; Johannes Gerrits Wijngaarden.
Foarhinne hiet it: “Grut Walta”, yn tsjinstelling mei “Lyts Walta”, dat der foarhinne tichte by stie; mar dat letter ferpleatst is nei de Frjentsjerterdyk (fam. Okkinga).

Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!

*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.

Stuur dit naar iemand