Archief Boerepleatsen en Gerniershuzen |
Mûntsewei 3

Fam. Ph.S.Dijkstra Mûntsewei 3.
Flakby de foarige; wurdt no bewenne troch fam. Dijkstra.
Sijbren, de foarige buorker, lei as skoaljonge oan ‘e Seedyk al op knibbels ûnder de iene ko, dy ’t se der rinnen hienen, te melken.
De tulle, dy ’t de gruttere minsken brûkten, wie him te grut; mar hy krige de molke der út.
Se ha it meielkoar redden troch steech en dreech, mei help fan Ike en dy, in Geniersspul op te bouwen.
De Dijkstra ’s wennen earst oan ‘e Seedyk.
Mei de dyksferheging kamen se hjir te wenjen.
Foargongers wienen: Hans Hettinga en Ane Anema.

Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!

*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.

Stuur dit naar iemand