Archief Boerepleatsen en Gerniershuzen |
Sint Jorisstrjitte 2

Fam. J.de Jong Sint Jorisstrjitte 2.
Foarhinne wennen hjir: fam. H.Stellingwerf en derfoar fam. Rommert Stellingwerf.
Dit is de foarein en de folgjende foto is de efterein fan dizze pleats.
De hjoeddeiske bewenner hat grif in soad niget oan âld Boere-ark; want as jo yn ‘e maitiid en de simmer op it hiem sjogge, stiet der in hiel soad fan dat ark, dat yn dizze tiid net mear brûkt wurd en it is allegearre moai skjin en yn ‘e ferve.
It is foar minsken, dy’t dy tiid meimakke hawwe en noch wat sin by it âlde hawwe, in lust om oan te sjen.

Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!

*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.

Stuur dit naar iemand