Archief Boerepleatsen en Gerniershuzen |
Haerdawei 44 “Haerda-State”

Fam. J.Jukema Haerdawei 44 “Haerda-State”
De Pleats, midden yn it lân, tusken de Hoarnestreek en de tsjintwurdige Haerdawei yn.
Op dit plak, wie de eardere Haerda-State mei in opfeart ferbân oan de Easterbierrumer fiskersfeart.
No bewenne troch de fam. Jan Joop Jukema; foarhinne Roel Seerps Bruinsma.
Roel Bruinsma koe it yn ien fan de foarige minne tiiden net bolwurkje en hat it buorkjen der oan jûn en is nei Frjentsjer ferháze, der ’t er in Administraasje-kantoor begûn.
Roel Bruinsma wie ien fan de earste boeren, dy ’t in traktor-Fordson mei izeren tsjillen oanskafte.
Mar it ploegjen mei in traktor op ekers foel net mei.
Wol wie der in skema útdoktere, sadat men mar ien kearyn de safolle ekers in kear oer it ploege lân hoechde te riden; mar der moasten altiid twa man by; ien om de traktor te stjûren en ien om de ploeg te betsjinjen.
De lêste man hie it net sa maklik, want de 2e fersnellingfan de traktor wie nochal wat hurder as dat hynders mei it ploegjen rûnen.
Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!
*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.