Archief Boerepleatsen en Gerniershuzen |
Tjessingawei 12

Fam. J. Visser Tjessingawei 12 .
Op dit stee liet Johannes de With eartiids in Gernierspul bouwe.
Johannes wie earst bakker en wenne tsjinoer der ’t no it griene krúsgebou stiet.
Do ’t letter de Tjessingawei ferbrede waard, moast it hûs der wei en foar de bruorren Hendrik, Auke en Lolke de With, soe der in hûs boud wurde yn Tsjummearum.
Mar de mannen woenen dat net en hja hâlden har ein fêst.
By eintsje beslút is it spul ôfbrutsen en is dit der foar yn ’t plak kommen, in eintsje nei efteren en fan siden; sadat de Camstrawei ek better tagonklik waard.
It spul is letter publiek ferkocht en wie Jan Visser de heechste bieder.

Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!

*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.

Stuur dit naar iemand