Archief Boerepleatsen en Gerniershuzen |
Stasjonsstrjitte 15

Dhr. W.G.Hoekstra Stasjonsstrjitte 15.
Dit hûs is net boud as Gerniershûs.
Jarich Wetterauw boude it foar himsels yn 1911.
Nei ’t Jarich letter nei de Tsjillen ferhúze, kaam Jan Vrieswijk hjir te wenjen.
It begûn der wat op te lykjen, dat it yn de agrarische sector komme soe; want Jan wie ierdappel-keapman, mar dy ferhúze nei Kampen.
Nei him hat de famylje Kas Bruinsma, de âldste soan fan Jan Bruinsma, dy ’t op Haitsma-State buorke, hjir wenne.
Ek Abe Cornelis, skoalmaster, hat hjir in skoft tahâlden oan ’t hy yn Kubaard beneamd waard.
Syn opfolger yn dit hûs wie Teake Oberman, âld bakker, dy ’t it oer die oan syn skoansoan Gosse W. Hoekstra, dy ’t aerdich wat lân brûkte en no dan Wietse Hoekstra, dy ’t út tiidferdriuw noch wat lân brûkt.
Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!
*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.