Archief Boerepleatsen en Gerniershuzen |
W.Binnemaleane 10 “Sixma van Andla-State”

Fam. G.Krol W.Binnemaleane 10 “Sixma van Andla-State”.
Hjir stie yn it foarige: Hottinga-State, der ’t Jisk van Hottinga, in sosjaal fielend minske wenne.
Troch fererving is it yn ’t besit fan de fam. Sixma van Andla kommen.
De pleats is jierren bebourke troch fam. Heeringa, earst troch Pieter en nei him syn soan Jan Heeringa.
Jisk van Hottinga joech faak jild en guod oan de earmen fan Minnertsga.
Do nei’t hja ferstoarn wie, dienen har bern itselde,
Agge van Sixma, ien fan har beppesizzers, gie yn oerliz mei de famylje.
Der kaam út, dat hja beslúten, de hier fan in bepaald stik lân derfoar te brûken.
Dat hja by ûngelok in stik lân fan de Tsjerke oanwiisden, kaam troch dat der yn dy tiid noch gjin Kadaster bestie.
Mei in lytse Akte, waard de flater ûngedien makke.

Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!

*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.

Stuur dit naar iemand