Archief Beurtschippers en Boderijders Tzummarum |
163 Kade in âld doarps byld

Een áId doarps byld.

Een mooie print stie yn it boekje
Dat útjoun wie troch doarpsbelang
Die mij oan jonge jierren tinken
Een tiid ja lien al wit hoe lang
Ik seach se foar de wal wer lizzen
De altyd warfbre skipperij
It koe neat skele hwet tier barde De skipper wie der altyd bij
Hwant yn ús leech in wetttrig landsje
Gong it ferfier doe oer it wetter
De skiipper die koe oeral komme
Né minsken wier it koe net better
At der mar hwet wie te ferfarren
It koe neat skéle wat of ’t wie
De ekipper soe’t te plak wol bringe
It wiene mannen fan de die
It wiene bieten of jirappels
Of soms een skip fol kouwedong
Hij mast der al hwat oan fertsjinje
Hij mast hwat barre yn de pong
Der gong een stikje fan ús libben
Doe , sa gewoan oan ús ferbij
De tiid die soe ek dat feroarje
Mar neat der fan beseften wij
Een beurt tsjinst Frentsjer Harns en Ljouwt
It koe net oars, mar hwa’t dat ljuwt
De tiid die soe it him fertelle
Dat alles nea gelyk hjir bliuwt
Wij bin nou 80 jieren letter
Ik kom op de feartswal en siz, ferhip
Wer is die skipperij dochs bliuwn
Ik sjoch hjir net mear een inkeld skip
It skip dat gong net hurder noch mear
De auto kaem en naem hjar wurk
Der waerd een priis ek foar betelle
It wie wat dat min letter murk
De auto is een prachtig foertúg
Mar bringt ek syn gevaren mei
Min hoeft de krante mar te lézen
Wer sa folle deaden, el tse dei
De skippers wiene wol fersichtig
Se wiene sunich op hjar rjiuw
Hja hiene dit goed yn de gaten
Oppasse dat ik skpper bliuw
Mar ja de tiid hwa sil dat kearre
Die nimt ús allegjerre mei
Tsjin akseljen dat hat gjin sin
Wij kin net oars mear hjoed de dei

Jan de Beer nij Bethanië
Tzummarum

Heb je op- of aanmerkingen over dit archief-item? Maak dan gebruik van de onderstaande envelop!

*Vermeld altijd de titel van het archief-item in het onderwerp of het bericht.

Stuur dit naar iemand