JONKJE

Jonkje t Bosni
do libbest tusken alle geweld
Mei dyn berneeagen hast dei yn dei t
de deaden yn 'e strjitten telt.

Bist as in skrutel haske yn e flle
yn in kooi opslten en net frij
Oeral gewearen en stikkene hzen
en altyd bliuwe dy dy bylden by.

Grutte minsken dogge dy dit oan
alles is sa Swart om dy hinne
Mar san lyts jonkje as dy
hat krekt san ferlet fan de sinne.

Jonkje t Bosni kinst do noch wol dreame?
tinkst dan ienkear komt de dei
dan komt de goede fee mei de toverstk
en die hellet my hjir wei.

Dan komt de gouden koets mei hynders
op in dei samar by s yn e strjitte
dan wurdt it libben moai
en it fertriet sil ik dan gau ferjitte.

Want it is sa spitich as dyn bernejierren
aanst samar omflein binne
snder moaie mominten fan lok
dy t in bern bliid meitsje kinne.

Want yn dyn tinzen bliuwe printe
bylden dy t gjin inkel ferstannich minske woe
tusken it fjoer it iensume jonkje
dy t gjin bern wze koe

Geartsje Suierveld
april 1993