Sam
Myn buorman Sam is sa stil,
ik kin gjin wurd t him krije.
Ik ha it al sa faak besocht
mar hy docht oars neat as swije.

Mar fan oare minsken haw ik heart,
dat syn frou en bern omkommen binne,
en sels hat er de hel oerlibbe,
wat moat ik sizze, hoe moat ik begjinne ?

Ik soe him somtiids wol ris oankrûpe wolle,
en myn hannen om syn skouders lizze.
Want ik haw sa mij him te dwaan,
ik soe sa graach wurden fan treast sizze.

Ik woe sa graach in sinne foar him wêze,
in ljochpuntsje yn syn tsjustere dagen.
Ik woe sa graach sizze : Sam
ik wol alles mei dy drage.

In foto hinget yn e keamer,
in frou en man mei twa bern.
It gls skittert yn e sinne,
en hy wit, hy hat se ferlen.

Lsten joech ik him in bosk blommen,
en dr wie er sa bliid mei.
Ik seach in glimke om syn mûle,
en dat makke wer myn dei.

Mar hiel inkelt spilet er op syn fioele,
en eltse kear sjit ik fol,
it is krekt as Sam mei dy muzikale klanken,
syn grutste fertriet fertelle wol.