Te Let
In hoanne t Bartlehiem siet allinne op e stok,
yn it grutte hinnehok
alle fiif hintsjes wienen op e kletter
en it waerd al hieltyd letter.

want de hintsjes woenen oefenje op it iis
want moarn wie der wer in alvestdetocht
se woenen no ek wol ris in priis
en glieden oer it iis mei nocht

en it waard al letter en de sinne wie al lang nder
dy fiif hintsjes rieden as in wnder
en tochten wie litte Evert net wer winne
wy litte sjen dat wy der ek noch binne

wurch en stiif fan e kjeld gongen se wer op hs ta
en kroepen klomsk by de hoanne op e stok
moarn soe it heve, dan soene jin it ha
en it waard sntsjes oan stiller yn it hinnehok

mar de oare moarns koe de hoanne de hintsjes net wekker krije
hy kraaide en hiel Bartlehiem wie dr tsjge fan
en tocht, wat is dit in grut lijen
wat moat ik hjir no tsjin dwaan

en de hintsjes sliepten in gat yn e dei
en de hoarne kraaide hieltiten wer op e nij
en alle riders wienenal in hiel ein op wei
en Evert wie al lang foarby.

Geartsje Suierveld
februari 1993