DE REIS

Muoike woe op reis
mar wist noch net krekt wrhinne
Dat fertelde se my okkerdeis
se woe op wei nei de sinne

Se soe in reis tsykje en fuortdaliks betelje
nei Sina ta dat like har wol skoan
se moast noch efkes in malariaprip by dokter helje
Muoike wie fol fjoer en stie hielendal yn e brn

mar op in nacht dreamde se hiel eangstich en wie alhiel oerstjoer
en seach allegearre Sinezen om har hinne
en sels siet se yn in grutte pt mei fjoer
kjel waard se wekker en woe de reis net mear begjinne

en doet ik muoike de oare deis seach wist ik net hoet ik it hie
se hie beglde eagen en in reade noas
ik wist eins net wat der wie
want muoike wie hiel oars as oars

En dr kaam it hege wurd der t
wat moast sa n ld minske yn frjemde lannen dwaan
muoike naam dy deis har beslt
ik wol my net ntjaan

mei san reis komt der hiel wat op it aljemint
ik bin gjin tweintich mear, bist net wiis
en sa besparje ik in fikse sint
ik bejou my net op gld iis

Hjir yn Skettens libje ik sa fredich mei myn freonen en de kat
en ha in prachtich tsjoch oer it fjild
en eangstich tocht se noch wolris oan de sinese pt
se woe net fuort, nee foar gjin jild.

en juster waard ik troch muoike skille en tocht: no sille wy it ha
en moaike frege fleurich sille wy moarn nei de Sinees ta?
en ik seiJawis dat dogge wy hear!
en doe tocht ik, lokkich, muoike hat har slinger wer.

Geartsje Suierveld juni 1993