De ferkiezing

yn it kafee sieten se om e rne tafel
net al te helder, it ferstn op nul
mar ien ding dr wiene se it oer iens
de polityk wie hjoed de dei mar in nuver spul

it kin sa net langer, it kin sa net mear
dr moast in oar regear komme
en de kastlein tocht wr ha se it eins oer
en hold him wyslik fan de domme

Hedy mei harbesunigingen, is it net mal?
it giet my allegearre boppe de pet
en sis no sels fan dy neteskiters t den Haach
hat dochs gjin minske ferlet

wy moatte spikers mei koppen slaan
Wim Kok syn post wol ik wol oernimme
dan nimsto die fan Brinkman of Lubbers
of moatte wy dr earst offisjeel oer stimme

it giet lang net goed mei de politiek
May-Weggen fan dat frommes haw ik gench
ik sis jimme as ik oan it roer stie
gong die frekte Betuwelijn net troch

altyd mar fan alles tasizze
en al die subsydzjes dat is neat
ik sis it jimme rjocht foar de raap
smyt dy allegear mar yn e sleat

Wy moatte in koalysje foarmje
Hee, kastlein jou s noch mar ien
wy binne wol wat mnsk meiinoar
wy hawwe dit efkes kreas dien

nder de lampe yn e rikkerige romte
woene se net foar mekoar ferblikke
en oan e tafel fol mei glzen
wie de ferkiezing yn trije kertier beslikke.

Geartsje