Artikel Frysk Dagblad 24 maart 1984

Leestma,s fan Tsjommearum no meast yn USA.

In wikemannich ferlyn skreawwen wy dat it tsjerkehofke fan Vriesland-Michigan (USA)
net folle mear wie as in stik greide mei wat grfstienen.
Sa lei it der hinne doe,t wy der yn 1972 wiene.
Hokkerdeis hearden wy lykwols dat der aardich beammen plante wiene sadat it op in hf begn is te lykjen. Oft dat kommen is meidat wy der yn1972 yn it FD oer skrieuwen, witte wy fansels net, mar dat soe wol aardich wze.
Spytergernch ha wy indertiid net de nammen op de grefstienen opskrean. Op it Ryksarchief yn Ljouwert is wol in lyst fan it gruttere- tsjerkhof fan Holland-Michigan, mar net ien fan Vriesland.
Dochs binne wy yn saffier in eintsje fierder kommen dat wy no witte dat der in pear Leestma,s, fan komf ut Tsjommearum begroeven lizze. Dat binne Pieter Leestma ( 1839-1906) en syn wiif Reintsje Tolsma dyt yn 1883 fan Easterbierum nei de Feriene Steaten emigrearen.

Piter wie in soan fan Sybe Martens Leestma dy syn heit yn 1812 de achternamme Leestma oannaam mooglyk omdar hy of syn heit skuonmakke in leest of lyst is san learen model dert skuonmakkers in skoech op setten om de soallen der nder te spikerjen en sa. Piter wie boerearbeider, earst yn Swaerdebuorren eastlik fan Tsjommearum, doe by Ane Jukema oan e eastkant fan Easterbierrum.
Doe t hja besletten om te emigreerjen brochten Sjerp en Boate, voarman fan boer Jukema, har mei hynder en weinen nei Harns. Ut Harns fearen hja mei de stomboat nei Amsterdam, dert hja ien nacht sliepten yn in hotel oan Gelders. Mei de de Amsterdam fearren hja oer de grutte hjerringdobbe. Underweis krigen hja averij oane masine yn in slimme stoarm, mar de stoarm joech him del sadat de saak makke wurde koe.
De 14e juny kamen hja yn New York oan ( de Amsterdam is in jier letter fergien). Yn New York blieuwen de emigranten ien nacht yn e Castle Gardem en nei in eintsje farren mei in rivierboat stapten hja de 15e juny op it spoar nei.
Hja rieden by London lini nei Dytroit en dr stapten hja oer nei Grand Rapids, drt hja by it Milwaukee Depot oankamen. Hja hiene it adres fan in m.dert hja hinne soenen en dr kamen ek T.v.d. Meer en e frou, in kunde dert hja al ferbining mei hie.
Reintsje en yn 1906 Piter. Beiden waarden op it hof fan Vriesland begroeven.. De pleats kaem letter oan har soan Sybe Piters (1867-1915), dy t doe Frank neamd waard en hy is sont yn famylje bleaun. Fan Piter witte wy noch dat syn namme yndertiid op in laai op e toer fan Easterbierrum stie, hy hat mooglik noch holpen om die toer op te knappen of hy hat syn namme dr samar delskreaun.

BY Koehoal

In broer fan Piter Sybe Sybes lll Leestma berne yn 1830 en troud mei Dieuwke Herrema.
Hy wie deagraver en skearbaas yn Tsjommearum. Syn soan Sybe Sybes troud mei Durkje Wolvendyk wie gernier krekt eastlik fan Koehoal oan e seedyk. Dat hs wie bout troch de timmerman-oannimmer Elzinga fan Tsjommearum(der sit noch in muorrestien yn).
De Wolvendyks wennen dr ek en dr wie in herberchje drt it by it lotsjen foar de militaire tsjinst soms fleurich om en ta gie.. Sybe hat dr wol aerdich buorke. Hy gie wol nei de omkriten fan Koudum te meanen en hy fiske ek op it waed, mei in dbel tch, en makke dan . setten. Hy hierde earst ln fan e Herfoarme tsjerke, mar om t er by de ofskieden tsjerke hearde(dyt in skoft oan e seedyk byenoar kaam) hat er ln kocht. Hy wie ek in bekend keatser, al koene wy syn namme net fine by de grutte keatsers yn dy omkriten. By syn dea koe hy aardich wat neilitte, is s ferteld.
Syn soan Sybe Sybes (ll)waard plysje, earst yn Ljouwert, doe yn Drachten en letter yn Blije, dert er yn 1979 stoar. Fan him wennet der noch in dochter yn e N.O.P.

Nij Bethani, as jonkje in kear troch it iis fan it Doksakke wie, hat Pietsje him rdden fertelde hy. Yn 1946 koe Pytsje har net mear rde en moast ja nei it earmhs. In pear manlju moasten har t it bedsteed tille en doe sei se, Dat is no de earste kear dat in man my sa stil yn e earms hat! Aldere Tsjommearumers ha Pietsje noch wol kennen. Pytsje en Sybe Sybes(l) hiene in broer Harmen Sybes berne yn 1867 en troud mei Anna Hidma, dy t op in stuit ek emigrearen nei de USA..Syn dochter Dieuwke(l) yn Amerika Dora) wie troud mei Jan (John) de Boer en doet dy der oer prakkesearren om nei de Statessei har heit dat er ek wol smjucht hie om mei. Jan en dy koene sa gauw net fuort komme omdat hy plaatwurker wie yn e metaalyndstrie, sokken koene sa maklik net in fergunning krije as boere-arbeiders.
Harmen en dy en de oare bern moasten earst sjen om gench jild te heljen foar de oertocht,