9-9-1999 Door de bewoners van de Sinaedawei.

De Sinaedawei is de dyk dy't nei de seedyk rint, oant de Oosterbaansplle ta.
De dyk dy't s by de moaie seedyk bringt.
De see mei alle rst, mar somtiids ek mei balstjurrige weagen by stoarmwaar.
Dr't kobben libje yn grutte kloften, om dr harren fiedsel te finen.
Us seedyk mei de skiep, de rook fan skieppestront en it slte wetter.
Dr't jns de sinne wei wurdt efter de kimen en it wetter kleuret mei in djippe reade gloed.
"Het lijkt net een sprookje", sei in Brabanner dy't hjir mei frou en bern op'e kamping wie.
En as de pieren prate koenen, soenen wy hiele ferhalen te hearren krije.
Fan alle minsken dy't oer de stiennen rn binne yn de rin fan de tiid.
De seedyk dy't in plakje yn it hert fan alle Tsjummearumers krigen hat.
Tsjummearum, s doarp op 'e klaai, mei de romme flakten fan it Fryske ln.
Dr't lytse sleatten in skieding meitsje tusken bou en greiden, it mais en blombollen.
En oan dizze blombollen ta rint de Sinaedawei mei de hzen op ,e terp fan Oosterbaansple.
It wennet dr frij mar betreklik ek ticht by it doarp.
De Sinaedawei, dr't eartiids allegearre gemeentewenten stienen, mei fiif blokken fan twa op in rige.
En elts hs hie wer in eigen ferhaal en elts hske hie syn krske.
Om 1960, 1970 hinne wennen Reinder en Akke Kamstra op de ein, mei dr neist Jan en Sip Miedema.
Dan kamen Auke en Doetsje Walda en Jan en Ruurdsje Westra.
It blok drneist waard bewenne troch Etsje Talsma, Jaap Douma en Reinold en Metsje de Valk.
Dan Rinske en Ale Pasma en Marten en Anne Terpstra.
Drneist Hinne en Geartsje de Haan, en de rigel waard sletten troch Rients Terpstra, de molkboer dy't dr libbe mei syn mem Liesbeth.
En as wy no troch de Sinaedawei rinne sjogge wy oan de iene kant in rigel deselde hzen, en oan de oare kant allegearre nije wenten, dr't net ien gelyk fan is.
Dan kin men sjen dat hjir de tiid net stil stean bleaun is.
De tiid dy't hjoed de dei hieltyd wer rimpender wurden is, en minsken fleane as gekken en hast nearne mear tiid foar ha.
Want in wike is neat mear.
As minsken fan eartiids s no seagen soenen hja grif mei de holle skodzje, want bygelyks tiid foar mekoar wie doe hiel gewoan.
En nim no Etsje dy't trou bleau oan in lde tradysje, en fst mei aaien en sinasappels kaam as der in poppe berne wie.
Frjemd dat in grut part fan dizze minsken net mear libje en skiednis wurden binne.
Ek skiednis is de namme Sinaeda (lde stavering) dy't datearret fan om en de by 1500.
Yn de tiid doe't de klaai en savelgrnen op 'e see oermastere waarden troch de muontsen (monniken).
Oan de Noardwest kant fan Frysln wienen tal fan kleasters.
Ek yn Kleasterlidlum wennen 600 muontsen dy't harren burchten op 'e terpen tsjin fijn en wetterfloed hoedzje moasten.
Sa wie de famylje Sinaeda ek hierder fan de lannen fan de kleasters.
Yn 1577 binne de kleasters fbrutsen, neidat de muontsen ferdreaun binne.
Al it ln waard it besit fan de provinsjale oerheid en trochferkocht oan de adel.
Sinaeda hat doe in behoarlik stik grn kocht.
Yn 1687 is doe de Sinaedastate boud, dr't no de famylje Oosterbaan wennet.
Wy ha foarearst nea witten dat s strjitte eins in aadlike eftergrn hat.
En no yn it jier 2000 wenje hjir minsken mei harren eigen wize fan libjen.
Minsken dy't harren bst dogge om harren plakje skjin te meitsjen en wat te betsjutten foar de mienskip op hokker wize dan ek.
De bern fan no dy't opgroeie mei kompjters en rollerskates.
En wer hiel oars opgroeie as bvgelyks Etsje dyt al rillegau fan skoalle moast om jild te fertsjinjen.
De bern fan, no dy't opgroeie mei de teletubbies en allegearre dreame fan in takomst mei moaie idealen.
En tsjen kinne nei safolle moais en weardefols.
Bern dy't noch foar it libben stean en yn e takomst mei fallen en opstean in wize fine moatte om te oerlibjen yn in wrld dy't net altyd myld is.
Bern dy 't no noch snder soargen libje yn de beskerming fan it doarp.
Krekt as de earmen fan heit en mem dyt harren hoedzje sille tsjin alle kwea.
Bern dy't krekt as alle minsken harren feilich fiele kinne hjir yn s (aadlike) strjitte.

Geartsje Suierveld.
(mei tank oan dhr. Oosterbaan foar syn ynformaasje)