IISREVUE 1907 1982

(As it doek opgiet stiet der in skeladetintsje op it iis.
2 ldere minsken-Engbert en Nyskje-stean yn it tintsje.
Slide stiet der neist, alles stiet ree.
Petroaljestel ensf. hja binne wat oan it steuterjen.

L ieuwe Herrema is Engbert en Nel Jansma is Nyskje:

Engbert: No it rint net sa drok hjoed.

Nyskje : Hoe kin dat no, oanrinne, se reedride dochs ! mar it is yndied net sa drok hjoed."

E: Och ju as aanst it waar wat mylder wurdt en de wyn giet wat lizzen, dan komme se wol.

N: As dat net sa is, sitte wy mei in strop en in protte molke.

E: No dat wurdt mei dit waar net sa gau soer.

( Baanfager fan de iiswegensintrale komt op )
Baanfager: Poppe de Valk:

Baanfager:Wat is it ferrekte kld net. Ik moat mar in kopke waarme molke hawwe, Nyskje.

N: ( Jout him in kopke molke)

E: Hoe leit de baan der oars hinne?

B. No nei Frjentsjer liket net sa min, mar nei Berltsum is minder, in protte kwalster en modder op it iis.
( Der ride in pear minsken oer it toaniel en E. ropt )
Leg erris aan minsken (Riders gean troch)

E. No dy hewwe gjin toarst leau k!
(Dan komt der in jong pearke oan.
Hja is wurch en se ploffe yn it tintsje del)

Haeije-Jelle Warringa en Reintsje-Renske:

Haeije: No Reintsje ju sitte dyn redens dan wol goed,dast sa wurch bist.
Sil ik se efkes op 'e nij nderbine?

Reintsje; Ja dy rjochter reed sit my as in dweil sa s1op.

H: No ju doch se dan salang efkes nderwei.

R. Nee dat wol ik net .

H: Wo1 ik m dan efkes ferbine?

R: Ja ferbyn him mar efkes.

( Haeije op knibbels oan it opbinen )

H: (Sjocht noch efkes op)
Wy moatte earst mar wat skelade ha.

N: No dat kin skoan jongelju (bringt it)

R. No ja, ferbyn no earst mar!

B. De molke smakke goed Nyskje! Kom ik sil mar werris oan'e slach.
(hy begjint wer te faaien en ropt "tink om de baanfager" )
(Dan komme."Fader en Moeke" op yn Ide klean.

Moeke hIdt fader fst by de 1ange jas, beide krukkerich.
Mei de hannen foart op tafel,pste!

Fader; Jan Bandsma en Moeke Anneke de Valk:

Fader: Das it earste uur fan de marteling.... nou noch sun uur en dan bin k in 1iek. Geef mij in bakje melk fan jouw. (N : jit yn)

Moeke: En mut ik niks he soms? (ploft op e bank)

Fader: As ieder foor him sels sorgt, dan gaat er niemand ferloren ( falt oan de oare kant op de bank del)

Haeije: No Reintsje sit er sa goed ju?

Moeke: Jirnme binne fast oek noch net lang troud weest wel?

Nyskje: Ei minske kinne jo dan net sjen dat se noch mar feint en faem binne?

Haeije: No Rein lea, as se dy nch net noflik sitte dan wol ik se graach noch wolris op nij ferbine hjer?

Nyskje: No kinne jo it ek noch hearre.
Moeke: It is krekt soa at de frou seit" Soalang as se ons noch niet hewwe,dan wille de mnlie ons hast wel fslikke.
Mar as se ons ienkear yn boeiens h ( sjocht dat fader syn molke opdrinkt): Hewwe jouw niet foor mij besteld fader?

Fader: Ja hurres moeke, ik hoef niet alle gedurigen te seggen dat ik niet foor alle minsen sorge kan.

Nyskje: Jimme binne fst man en wiif/frou net?

Moeke: Helaas ja, skink my oek mar wat in as jo wille.

Haeije: No Reintsje,wolst noch in g1s punch of sa ha? Ei ja mar net?

Moeke: Hier falt foor jou noch heel wat te leeren fader, as je naar dizze jonge man siene.

Fader: As ie naar mij siet, leert ie grif noch feul meer.

Moeke: ( Baarnt har by it drinken ) 0h fader! Gloeiend...

Fader: Ja as jou oek soa roppich weze wille"...

Moeke: Jou hadden my dochs even warskowe kannen niet?

Fader: Krekt as ik anders niks te doen hew (drinkt) .

Reintsje: No wo1 ik wer fierder Haeije. Wy hawwe hjir no a1 salang sitten' It is snde fan dy skoandere tiid.

Haeije: Ja fanke ik bin sa klear...

Reintsje: No kom ju..

Haeije: Ja ik moat earst noch betelje. Sa is t net? wolst ek noch in reep mei hawwe foar nderweis?

Reintsje: Nee ik wo1 fuort toe no ju

Haeije: Ja ja, hjir bin ik al (kriget har by de hn)

Moeke: (Hat it spul ferheard oansjoen) No it is in merakel (slacht de hannen ynelkoar )

Reintsje: Ja sjoch, s'n ien haw ik no!

Moeke: Ja lieve kien, noch al Mar as jou kanarie ouder wurdt, dan sal iefansels wel fals beginne te singen.

Fader: Wy daliks oek mar even rekene.

Engbert: J a dat is goed, 2 kopkes molke, 10 sinten.

Moeke: Wy mochten dit wel kedo hewwe as beloaning dat we hier hene krast binne,se smerich is de baan.

Fader: Kiek se is t nou?

Moeke: Nou kom fader (oerein) wij gane furt!

Fader: Ja hurres -- bij it leger der mut ik mij komendeare 1ate, mar op it iis bin ik frij man.

Moeke: 0 heden: Hew ik nou al te feul seit? Dan hadden jou soa pas die jonge meid es hoore mutten. wat dy tegen har frijer sei.

Fader: Soalang as je nog frijer binne, Dan bin je gien troud man nou? O!

Moeke: Wat ville jou daar met segge?

Fader: Dat in frijer in 'e regel syn ferstn nog niet het) mar in troud- man wel.
Al is it dan wel wat laat. Nou (oerein) Ik bin klaar, Ik weet niet ast jou- past? (skarrelt fuort) Goeiendag.

Moeke: Man, wat skeelt jou! Ik kan niet fliege wel? Doe't ik it sei wuden je niet en nou is t krekt oft der brn is.
(Skarrelt fader efteroan).

Engbert: No dat wie in moai stel net?

Nyskje: Ja ju dy kamen t Ljouwert oan e spraak te hearren. In ein hjer.
Krije noch in hiele skower yn e wyn op om foar tsjuster ths te wezen.

Engbert: Wat seiste, wy pakke it spul ek mar werris op net foar t aanst Tsjuster is.
Klanten komme der dochs net folle mear.

Nyskje: Nee dat tink ik ek net. De Tsjommearumers bnne ek frii hjoed!

Engbert: Sille wol by Bok yn t kafee sitte tink want der wie hjoed. hurdriden op 'e put en yn t Wapen wie de priistrikking.
(Underwilwnes spul yn slide pakke,tsjettels, molkbus, petroaljestel,petroaljebus, kopkes ensfh.)
(As alles ynladen is noch efkes nei it publyk wiuwe en goeieroppe )

Froutsje: Jierren is der praat yn Tsjommearum.
Oer in keunstiisbaan of sa.
Mar it bLiuwde hieltyd by praten.
Dieden kaam men net oan ta.
Ln derfoar wie net te besetten
En it jild wie ek wat krap.
Om alles foarelkoar te krijen.
Koste fst in fikse hap.
Mar einliks yn 1960.
Kaem der wat skot yn t spu1.
Jild koene se doe skaplik liene.
En wat minsken wiene tige "gul".
0min stik ln foar s f te stean.
Ta it ferkrijen fan in baan.

Mantsje: Sa binne wy doe fierder buorke.
Ik neam ien namme Cor van der Laan.
Mar ik soe net earlik wze.
As ik Fokke Buren fergeat.
Hy stie in stik fan syn ln of.
It stiet my by foar neat.
Ek Willem Hogerhuis woe ruilje.
En dr snder koe t net ta.
Prachtich dat al dizze minsken.
Sa'n "doarpisme" yn harren ha.
Elts hat sa, de iene mear de oare minder.
Mei holpen oant krijen fan s baan.
Wy si1le no wat provisoarysk.
In sketske oer dizze iepening jaan.

( Muzykkorps spilet op de bn)
Fan loftskomt it bestjoer fan doe (1961)mei de beide wethlders(van der Ploeg En Faber)
Faber kriget fan de foarsitter in skjirre en knipt it lint troch oer de brge
En hy ferklearret drby de nije iisbaan fan Tsjommearum foar iepene.
Frysk Folksliet (op bn) Hiele seal kin steande wol meisjonge!)
Foarsitter: Minsken de baan is iepen. Kom op De hurdriderij foar froulju kin begjinne .

Frysk Folksliet

Frysk bloed. tsjoch op! wol no ris brze en siede.
En bnzje troch s ieren om! Flean op! wy sjonge it bste ln fan d'ierde.
It Fryske ln fan eare en rom. Klink dan en daverje fier yn it rn.
Dyn lde eare, o Fryske grn . Klink dan en daverje fier yn it rn.
Dyn lde eare, o Fryske grn .

1. As it yn e winter is.
En de iisbaan stiet al splis.
As de wyn nei t easten draait.
En de snie oer t lnskip saait.
As t no friezen bliuwt en kld.
En de iisbaan aanst al hld.
As dan elts oer riden praat.
En it bestjoer dat is Paraat.

3. Bliuwt it waar sa goed nei t sin.
Dat men ek de feart t kin
Komt der oan 'e nocht gjin ein.
By foaral de jongerein.
Sy dyt al wat lder binne.
Sil it net litte kinne.
Freegje dan oan Jkelburd.
Hldt it iis wat langer hurd.

4. No giet der in hiele kloft.
Under de kleare loft.
Sinneskyn op snie rnom.
Fryln is sa rom.
Hjir in mole noch yn t fjild.
Dr in toer de loft optild.
Hjir en dr fan snie in dn.
De wrld in boarterstn

5. Wat men soms yn Frysln hldt.
Oars nearne yn wrld.
Alle Friezen libje mei.
San ferneamde ridersdei.
Wr praet dan it minskdom oer.
Dat is de Alvestden-toer.

REFREIN:

Ride ride by s op it iis.
Suver alle minsken reitsje fan e wiis.
Wat is dat riden wndermoai.
It jout sa n wi11e btenroai.
Ride ride ride by s, by s op t iis.

Froutsje : In grutte iisbaan is der kommen.
It is hast snder striid ferrn.
Minsken mei in pear rjochterhannen.
En mei sn ferstn ha wn.

Mantsje: In lde keet koe men besette.
En hat it alve jier lang dien.
Mar men begong te prakkesearjen.
Der moat in hokje op fan Stien.

Froutsje: Tekeningen waarden makke.
Om in boufergunning foart gehiel.
Om it foarinoar te krijen.
Joech fansels in bulte gepiel.

Mantsje: Mar it gemeentebestjoer wie willich.
Joech syn seine foar t gebou.
Doe wie Tsjommearum wer ienriedich.
Eltsenien kaam doe yn tou.

Froutsje: Om e nocht hawwe in protte meidien.
It geboutsje wie samar fan e grn.
Stiet der no foar elts te brken.
Dy mei de iisklub is ferbn.

Mantsje: HuLde foar dy warbre mannen.
Hulde ek foar it bestjoer.
Eltsenien is hiir belstige.
Mei it hillch iisklub-fjoer.

Froutsje: Gean sa troch noch lange jierren.
Soks ta heil fan hiel it gea.
ELtsenien kin sa wer merke.
De iisklub is noch 1ang net dea!

Jan Santema:

Maitiids as de fjilden Tille.
Fan it jonge fine grien.
Lamkes bkelje fan wille.
Is 't mei de winter dien.
Hjir en dr in ein mei piken.
Wite driuwers yn e loft.
Is foar earmen en foar riken.
Ald en jong in noflik skoft.
Elk wit dit sil net bliuwe.
A1 is it noch sa fier.
De kalinder sil wer driuwe.
Nei de ein en dan yn t spier.

2. As de sudewyntjes djoeie.
Is de simmer yn it 1n.
Fruchten groeie blommen bloeie.
Soms te grut foar s ferstan.
it bnte fee hat bste weide
Alle dagen mar wer sd.
Bijkes sge it swiet t heide.
Keatsers stean op 't griene md.
Mar as de dagen koartsje.
Wit men, t sil net bestean.
It is nch mar in hoartsje.
Dan kin t wer hinne gean.

REFREIN:

Kjeld en iis , win in priis, op s eigen Fryske baan.
Eastewyn - sinneskyn, dat sil fole wille jaen.
Wat in nocht, wurdt s brocht, mei san bliere riiderij.
't Waarme bloed, polsket hjoed, jout grif wat frijerij .
Jong en Id, is net k1d,hld de moed der fleurich yn.
Skreppe swier, streekje blier, yn en dan wer foar de wyn.

Hjerstmis as de stoarmen rze.
Troch de beammen leech en keal.
Wylde Weagen skalprich brze.
Loften driigje swart en feal.
As de fgelkloften garje.
Geane nei it fiere ln.
Om it libben te bewarjen.
Wis, dan komt it al nei oan.
Op de iisbaan is it wetter.
Noch foar kobben eineguod.
No noch efkes, dan is t better.
Winter jaget alles fuort.

Skuort de wyn der t nei 't easten.
Strykt de moanne alles skjin.
Dan sil elk him drmei treaste.
Dy t mar jusjes ride kin.
Kin de iisbaan no al hlde.
Of moat der in nacht noch by?.
t Moat by hjir en dr net mlder.
Sjit op mei dy riderij.
Redens komme dan fan boppen.
Alles stiet ths yn 'e brn.
Rnom heart men skoalbern roppen.
"Toe sjit op, no giet it oan".

REFREIN : allegearre leste refrein.

Kje1d en iis, win in priis, op s eigen baan.
Eastewyn - sinneskyn, sil gns wille jaan.
Wat in nocht, wurd s brocht mei san riderij.
t Waarme bloed, polsket hjoed, jout ek frijerij.
Jong en 1d, is net kld, hldt de moed der yn.
Skreppe swier, streekje blier, yn of foar de wyn.

Froutsje: No sa hawwe wy de 75 jier wer hn.
It joech in hechte freonskipsbn.

Mantsje: Mar dat is alhiel net wier.
De iisklub bestiet giin 75 jier.

Froutsje: Wat silsto my no fertelle.
Ik ha it t betroubere welle.

Mantsje: En ik wit it t de earste hn.
De gearkomsten yn 't begjin hewwe it bedoarn.
Twa iier lang binne doe oergien.
Dus de iisklub hat gjin 75 iier bestien.

Froutsje: No soks is fansels geklets.
Do mei dyn healwiis geswets.
Yn 1907 binne se doe begn.
En de klub is noch altyd tige sn.

Mantsje: Ja dat is fansels wol wier.
No foart, net mear getsier.

Froutsje: Sa is t krekt, drom meielkoar.
Yn it goeie iisklub spoar.
Wy sjonge mei syn allen noch in kear.
A1 docht it Jo miskien wat sear.

Froutsje: It refrein fan t earste ferske.
Do wist wo1 fan dat Tsjommearumer leske.

Meiinoar: IIsklub 75 jier, ja wier.
Jout, foar jong en ld fertier.
Jn dit feest yn it kafee.
Is yn Tsjommearum fst okee.