Mienskip yn it doarpslibben.
Baas Anne Stellingwerf vertelt dat de Buorren altijd erg druk was in de middag, wanneer het middageten was afgelopen.
Veel arbeiders die in het dorp woonden gingen weer naar het land waar ze werkten die dag.
Ze kwamen elkaar in de dorpsstraat tegen, een deel ging naar de Jukema's, de Wijngaardens, een ander deel naar het noorden.
Ze hadden vaak een hondje bij zich ( men hoefde toen nog geen hondebelasting te betalen) en het was een drukte van komsa in de nauwe Buorren.
We geven hier een samenvatting van twee van zijn hand afkomstige artikelen, die verschenen in " De Stm fan Fryslan" en "Barradiel Meinoar len".

Hwat foarby is, hwat wy hawwe, wat wy krije.

De Buorren!
Kearn en potinsje fan it doarpsbistean! Sa wie 't roun 'e ieuwwikseling ek yn Easterbierrum.
Dr katerjoegen, hoepjagen, toudounsen, knikten en sideplakboartten de skoallebern om it jiskegat en op 'e peallen.
Dr waerd yn 'e jounskoften en sneins op 'e "hoeke" it nijs twiksele en it kommentaer levere.
Winterdeis bij baes Wiebe, Klaas, Wiebe yn 'e smitterij en bij "melle" yn it bths.
Oer 'e dei van moarns fjouwer en fiven ta jouns seis en sawnen ien stik bidriuwigheit.
Pier Breimer dy't t de Sdwesthoeke nei Easterbierrum kommen wie as bakker en dy't nei it fbrekken fan de doarpsherberch op'e sleatswl - baes Tsjipke boude dr in streekje huzen foar yn 't plak, oan de noardkant fan de Keatsebuorren - de dranktaepforgunning der by krige.
By him waerd by trochgeand hynder en wein-forkear b0tendoar de hynders in heal roggebrea opfuorre, wylst binnendoar de stjurman in hertforsterking naem.
Oan 'e sdkant wennen neist it pasneamde streekje huzen Willem en SijkeTravaille en derneist de "earmmaster" Wytse Lyklema, omdat it in ld-skipper wie, meastal as Wytse Skipper oantsjutten.
Winterdeis dielde hy t namme fan de gemeente hwat turven en heal-brean t.
Oan de eastkant, nou de Sparwinkel, hsmanne - winter- en simmerdeis altyd it bolhuodtsje op en it duffelsjaske oan lde Jabik, en omdat hy ek trou in prmke efter de kiezzen hie, kin ik him oars net as Japik prmke.
Drankjes helje foar de dokters Anema en Audier t Seisbierrum en hwat boadskippen forkeapje foarmen syn boarne fan ynkommen.
Links derfan wennen Sjoerd Douma en Reintsje; de man wie arbeider by Hilbrand Bruinsma en Reintsje bihearde infolsleine krde- en grutterswinkel.
Derneist wie de Iapke- en pottewinkel fan Jelle Burggraaf; it neiteam draecht de fan Burghgraaff.
De lde baes kin ik noch foar my krije: yn'e koarte broek en mei siden hoazzen oan, lykas ek Egbert Wetterauw, dy't op'e hoeke oan'e noardkant wenne neist Pier Breimer, al earder neamd.
Egbert wie de soan fan de lste skoalmaster fan de iepenbiere skoalle, dr't s heit noch op gongen hat en dy't stien hat op it plak dr't nou ldzinga syn bungalo stiet.
Egbert syn lde lju hawwe wenne dr't nou Sibren Piters husmannet.
Egbert sels, noch troud op lettere leeftyd, liet snder dat de minsken der erch yn hawn hiene, in lde pultrom fol sulveren ryksdaelders en pnbrieven nei.
Oan de oare kant fan bakker-kastlein Pier, hsmanne Hindrik Rommertz, hwaens frou Antsje Marra ek wer in winkel hldde.
Yn it efterein fan dit hoekh0s, dat op'e peallen tkaem, waerd in ierpelhannel dreaun, dr't "Kdde Kees"en SybeThys mei de snikke foar de oanfier stienen.
De "baes" sels, mei de swartsiden pet op, it swartbefke foar en de flewielen pantoffels oan, regele de fset, oant yn Amsterdam ta: rinnende nei Harns en dan mei de nachtboat foar twa kwartsjes fierder.
Oan de oare kant fan de buorren wie de weinmakkerij fan de bruorren Nauta, letter dreaun fan Willem van Vaals.
Noardein, tsjinoer mekoar, krige men dan de winkels fan Waling Tolsma's Tsjitske en Pier Djokes Wapke; de manlju gernierken derby op in pounsmietmannich ln.
Neist Piter Djokes de Vries kaem de smidterij fan baes Wibe Wiersma sr., de foarfaer fan alle smidten Wiersma yn wide omkriten.
De hiele buorren waerd fan moarns fiif oant jouns sawn re yn beslach nommen troch it hoepomlizzen fan weintsjillen, it hynstehoefbeslaen en folle mear, dat de haeiweinen en ierdkarren moasten lavearjende har paed fine.
Ek de timmerskuorre fan Thomas Nauta, broer fan de weinmakkers, soarge foar de nedige fortier.
Om 1900 hinne wie de timmersaek al oernommen troch baes Tsjipke Ruim.
Dat de Nauta's fuort teagen, kaem omdat hja ta de Grifformearde tsjerke hearden en de timmerskuorre oar de tsjerketsjinsten fan de dolearenden beskikber stelden.
De Herfoarmde boeren koene dit net daeije, dat de Nauta's koene net langer yn de doarpsgunst tiere en hja moasten, lykas lde Jelle PitersZijlstra dy't op in tsjerkepleats wenne, it plak romje.
Njonken de smidterij wenne baes Manus van Vaals, de earste ferver yn s doarp, dy't nei de Tsiendeiske Fjildtocht mei syn broer Jehannes, de heit fan Willem weinmakker, nei s doarp kommen wie.
De drokte fan de ferverij: weinen, goaten, kezienen ensafuorthinne, wie mear efter op 'e terp.
Drneist hsmannen Ane Veenstra, de pettekeapman, en Durkje, de huodtsjemakster.
Drtsjinoer yn in steech wennen om 1900 hinne njoggen hshldings, hwerby't nei in tifusepidemy binnen fjirtjin dagen fiif deaden tdroegen waerden.
Op 'e hoeke oan'e buorren stie it hs fan baes "fluch", de skearbaes- skuonmakker Jan Schepenaar.
Fan de beukerskoalle, stifte troch de Herfoarmde tsjerkfdden, dy't dan kaem, is de earste stien lein troch Petronella van der Valk yn 1879.
Dy skoalle wie foar s doarp mei syn by tstek heech bertesifer in tkomst.
De tsiiswinkel derneist wie fan Jacob Hanenburg en doe't dy nei Amerika teach, waerd er oernommen troch Albert Winsemius en syn frou Maeike.
Yn de bakkerij fan Van der Veen kaem dernei Willem Offinga, faorhinne skipskok en letter troud mei juffer Van der Valk fan de beukerskoalle, dy't wer opfolge waerd troch juffer Sofia van Balen.
Njonken de tsiiswinkel, dy't al fbrutsen is, stiet op fbrekken de timmerwinkel, doedestiids biheard troch de markante doarpsfiguer Jelle Eizes Keimpema sr.
Drtsjinoer wennen skuonmakker Jacob van Loon en syn frou Brechtsje mei harren potte- en thguodwinkel.
Dr dan wertsjinoer wie de koumelkerij fan de Sjutsje (Sjoerdje)-mannen; de hiele famylje is tstoarn en it lde st, mei weardefolle tegels en estrikken, istroege.
Lt streekje huzen, ek al fbrutsen, wie yn it plak kommen fan in boereskuorre, dr't de foarein fan efter it ek al fbrutsen bankgebou stie.
lt heucht my noch, dat deryn wenne Jeppe en Marije Dykstra mei harren greate hshlding, dy't letter nei Amerika gien binne.
Dochter Aeltsje, dy't as fanke sa gleon seach, hat hjir letter noch ris west.
Hja hie mei help fan har man foar 22nije Amerikanen soarge.
Oan de eastkant wennen nder oaren noch Warmhout en Tryntsje.
Seis jier ld wie hy alhiel forklomme oan de sdyk oanrinnen kommen, hielendal t Grins wei.
De earste wurden dy't er sei, wienen: "Warm, hout, been," hwat foar de sdyksters gench wie om to fetsjen hwat er woe.
Omreden dat er fan nammen noch neat wist, is er as Warmhout Been op'e gritenij ynskreaun.
lt soe my in dit forbn gjin nij dwaen as alle minsken dy't fan Been fiere, neiteam fan Warmhout en Tryntsje wze soene.
Mei it neamen fan de bikende buorsters Hans en Grytsje van der Schaar en Jehannes en Aukje Posthumus binne wy de lde buorren t.
Om folslein te wzen oangeande de bakkersstn anno 1900 yn Easterbierrum, wolle wy noch it st oanmerke, drt Harm Abma en syn hsfrou Jeltsje hsmanne ha.
Dr stiet nou it Rabobankgebou, dat jimme begripe: ek hjir is fan it lde neat mear oerbleaun.
Neffens oerlevering wienen hja mei hwat spul yn in punterke t de Greidhoeke oankommen; hja hawwe it lok hawn, dat hja as wolstelde boargers har lde dei yn "Villa Nova" oan de Stienzerstrjitwei slite koenen.

Wy meitsje in ein oan dit opsomjen fan minsken en hwat se om hannen hiene yn de buorren - hert fan de doarpsmienskip fan s doarpke Easterbierrum.
Hannen to min yn it simmerskoft, winterdeis hwat setterje en kine, kaerte en rtsje-papa yn 'e bthuzen en foar it jongfolk jounen to min om de kultueruteringen by te hlden. It weromsjen yn dy tiid jowt by my, libbenslang, in nwennigens, as ik sjoch hoe't yn dizze tiid dy lde Frysk-eigen struktueren towdde wurde.
Hoe't it ln "rjucht ta - rjucht oan" forflakke wurdt en der nea wer plak is foargerniers, koumelkers en boeren, mar allinne foar jildsjitters en ekonomen.
Hoet it lste monumint fan Kleaster Lidlum, de Kleasterhoeve, mei buldozers omlutsen waerd, sadat de "lde friezen" wechendewear fleachen en der in nbidige ierappelbiwarloads stiet om alle lytsere biwarplakh lders de "das om" to dwaen.
As ik dat sjoch, dan gjalpt it yn my omheech: "Hwat dogge wy noch mei ldfaers erf?"