Underdūke

Doe't alles feilich wie, kaam śs heit wer foar 't ljocht.
Dyselde deis is hy noch fuortgien.
Earst nei famylje yn Mullum, doe nei De Gaastmar.
Mar hy koe net yn Fryslān bliuwe.
Ek de N.S.B.-boargemaster fan Barradiel liet him witte: "Gean fuort, gean fier fuort!".
Hy is nei Breukelen gien.
Dźr hat hy de ein fan de oarloch ōfwachte.
Wy moasten ek ūnderdūke.
Mem hat de rest fan de oarloch by heit yn Breukelen west.
Us Djoke wenne sa lang yn Frentsjer en śs Janny by famylje yn Seisbierrum.
Doe't ik fuortgong seine se: "Do moatst der om tinke datsto net yn hannen fan dy moffen falst, want se kinne dy brūke!"
Ja, se koenen my as gizeler brūke om śs heit te finen.
Of se koene my nei Dśtslan stjoere om te wurkjen.
Ik reizge fan it iene nei it oare ūnderdūkadres.
Ik ha noch trije oerfallen meimakke: yn Axel, yn in trein en by in omke yn Seisbierrum.
Mar ik wist altyd krekt op 'e tiid te ūntkom¬men.
Ik fielde my soms as in stik opjage wyld.
Lolle Rondaan, Gerben Oswald, Gerrit Schuil, Folkert Bergsma, Rients Westra en Jelle Bruinsma kamen op 14 febrewaris 1944 yn Assen foar it ‘S.S.Standgericht'.
Se krigen de deastraf.
Us heit waard by ōfwźzichheid ta de dea feroardiele.
Se setten 10.000 gūne op syn holle.
De deastraf fan myn omkes waard omset yn 15 jier konsintraasjekamp.
Omke Rients stoar op 30 novimber 1944 yn in kamp yn Oldenburg.
Omke Jelle hat it kamp oerlibbe.
Lolle Rondaan, Gerben Oswald, Gerrit Schuil en Folkert Bergsma skreaunen yn de jūn fan 15 febrewaris 1944 in ōfskiedsbrief.
De oare deis waarden se deasketten by Amstelveen.
Op 6 maaie 1945 kamen śs heit en mem wer thśs.
Nei oardel jier wienen wy wer by elkoar.
De jūns kamen der in pear hūndert minsken nei Liauckamastate.
Wy ha doe de ein fan de oarloch fierd mei in geweldich freugdefjoer'.
Ut: “Spoaren fan de oarloch” fan it Minskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding yn Fryslān.