Liauckama schuilkelder ca 1987.

Frans Michon

Op 19 febrewaris 1943 kaam der in nije nderdker by s op 'e pleats. Hy hiet Franois (Frans) Michon.
Hy wie Nederlanner, mar hie tsjinst nommen yn it Dtske leger.
Om't hy bang wie dat hy nei Rusln moast, desertearre hy t it Dtske leger en socht in nderdkadres yn Harns.
Doet hy by winkelman Roorda yn Harns kaam, seach hy der siik en beroerd t.
Roorda woe him wol helpe.
Hy brocht Frans Michon by s.
Us mem hat him goed fersoarge en nei trije wike wied er wer aardich opkalefatere. Yn it begjin gong alles goed. Hy holp mei op 'e pleats en ik koe it goed mei him fine.
Ik fn wol dat hy in soad praatsjes hie en wat t folle opskepte oer wat er allegear yn Dtslan belibbe hie.
Wy fertrouden him net hielendal.
Sa'nen koene wy net op 'e pleats hlde.
Us heit en omke Rients brochten him nei Easthim.
Mar hy fielde him dr net feilich en frege oft er werom komme mocht.
Sa kaam Frans Michon wer by s. Hy woe mei alle geweld by de K. P., mar nimmen fielde dr foar.
Hy prate tefolle en stelde allerhande fragen oer nderdkers en fersetswurk.
Echte K.P.-ers woenen sa min mooglik witte.
Se koenen dan ek gjin maten ferriede, as se pakt waarden.
Nee, Frans koe net by s bliuwe.
Drom joegen se him de rie mar wer nei syn lden yn Hollan te gean.
Mar hy gong net nei syn lden.
Hy gong nei de S.S. yn Amsterdam.
Dr fertelde er, dat hy alles fan de K.P. yn Seisbierrum en de oanslach op plysje Van Wijnen yn Harns wist.