Liauckama schuilkelder ingang ca 1987.

Knokploech

Omke Rients hie śs heit frege oft hy lieder fan de knokploech wurde woe.
Us heit sei ja!
Doe feroare der hiel wat. Al gau kamen de earste K.P.-ers.
Meast jongkeardels dy't wol wat oandoarsten.
Us rźstige hushālding feroare hielendal.
It wie in kommen en gean fan minsken.
Elke dei wer nije gesichten.
Wy mochten nearne nei freegje, mar wy wisten fansels wol wat der om en ta gong.
De earste opdracht foar de K.P. wie it opheljen fan it persoansregister by de pleatslike burohālder yn Seis¬bierrum.
In echte oerfal wie dat noch net, want de burohālder wurke fan herten mei.
It wie mear in oefening foar it grutte wurk.
Dat begūn mei de oerfal op de burohālder yn Mullum.
De mannen fan de K.P. reagen him fan 't bźd ōf, rjochten twa pistoalen op him en setten him mei de hannen omheech tsjin de muorre.
Se namen it hiele persoansregister mei en ferbarnden alle kaar¬ten.
De earste, grutte aksje wie yn de nacht fan 25 septimber 1943.
Under lieding fan Lolle Rondaan oerfoelen Gerrit Schuil en Gerben Oswald, śs heit en noch wat oare manlju it gemeentehūs yn Sint Anne.
Dat gemeentehūs waard dei en nacht op past, mar mei help fan in plysje dy't de doar foar de K. P.-ers iepen die, kamen de manlju deryn.
Om net werkend te wurden, droegen de K.P.-ers maskers.
Se oermasteren de bewakers, dy't al gau būn en mei de blynkapen foar oer de flier leinen.
Doe waarden noch fjouwer oare K.P.'ers deryn litten.
Mei man en macht besochten se de klūs te iepenjen.
Nei in oere leine de kaarten fan it befolkingsregister foar it gripen.
Op dy kaarten stiene in soad gegevens fan de ynwenners fan It Bilt.
Dy kaarten moasten fuort. De kaarten waarden hastich yn sekken dien.
Lolle Rondaan hat se letter ferneatige.
Se hawwe ek noch in skriuwmasine meinom¬men.
Dy koe moai brūkt wurde foar it typen fan yllegale lektuer.
Fierder noch blanke persoansbewizen foar minsken dy't in oare namme, leeftyd en berop oannimme moasten.
De persoansbewizen gongen mei nei Liaucka¬mastate.
Wy wisten doe noch net, dat śs heit acht wike letter o sa'n ferlet hawwe soe fan sa'n persoansbewiis!
In lieder fan de K.P. stie faak foar swiere beslissingen.
Ik wit noch wol in foarbyld. Op in dei kaam resjersjeur Van Delden, dy't ek ūnderdūkt wie, by śs heit mei it foarstel om plysje Van Wijnen śt Harns dea te sjitten.
In minske likwidearje, ek al wie it in wrede Nazi dy't in soad slachtoffers makke, dat koe hy net samar beslśte. Nei lang berie gong hy akkoart.
Op in jūn yn novimber, doe't Van Wijnen nei hūs ta rūn, skeaten se op him.
Hy sakke yn inoar, mar wie net deadlik ferwūne.
Van Wijnen wie al gau wer better en sette syn terreur fūleindich troch.