Goeinga 1 juni wedstrijdverslag

1. Hendrik Tolsma (Goutum), Renze Pieter Hiemstra (Sint Jacob) en Hans Wassenaar (Tsjummearum)
2. Menno van Zwieten (Peins), Jacob Zagemans ( Warkum) en Hylke Bruinsma (Minnertsgea)
Ūnder it each fan keatsers en publyk fan de federaasje Snits e.o. waard dizze partij foar de 3e kear ferkeatst.
Yn 2011 wie dat yn Skearnegoutum en yn 2012 yn Easterein.
Mei de formule 'Bring de keatsers by it keatsen' lit de federaasje Snits e.o. federaasje- en KNKB-keaters op ien dei op ien plak keatse.
Bysūnder wie ek dat in oere foar de wedstriid de bern fan de federaasje de lotting dienen en de nammen sels op de grutte list skriuwe mochten.
Lang om let wie dizze dei de winst foar it partoer fan Hendrik Tolsma c.s. Sy wūnen yn in frij iensidige partij op 5-1 6-4 fan Menno van Zwieten c.s.
Yn de heale finale wienen Tolsma c.s. troch it each fan de nudle krūpt nei in 5-0 achterstān tsjin Gert Anne van der Bos, Siebe Greidanus en Pier Pierma.
Van der Bos c.s. hienen ūntelbere kearen de kāns om de partij śt te meitsjen, mar hyltyd op 6-6 pakten Tolsma c.s. de winst.
Van Zwieten c.s. krigen de winst yn de twa eardere partijen ek net fergees.
Yn de partij om in finaleplak tsjijn de prima opslaande Johan van der Meulen (werom fan blessuere), René Anema en Daniėl Iseger koe it publyk genietsje.
Van Zwieten c.s. wūnen śteinlik op 5-4 6-4.
Renze Pieter Hiemstra waard troch it publyk fia in SMS-aksje śtroppen ta keatser fan de dei.
In offisjeuze keningstitel kin men sizze.