Bij de fotos.
1 De skiednis seit,der rounen gongen Fen d'lde stins nei't doarpke ta.
2 Do waerd der dochs in trepke foun.

TebekYn'e tiid no. 54

Vrijdagavond 23 januari 2009 organiseerde de Oudheidkundige vereniging Barradeel in "ltWaed" een lezing die ging over de bewoners van het kasteel Liauckama, de omgeving, de openluchtspelen van 1938 en 1939 en als laatste de opzienbarende zoektocht in 1938 naar de onderaardse gangen die lopen van het oude slot naar de dorpskerk en de voormalige Adelen en Latsmastate.
Vijf wichelroedelopers wezen onafhankelijk van elkaar aan waar de betreffende gangen liepen.
OP twee grote schermen werden meer dan 70 foto's. tekeningen en plattegronden getoond.
In de Franeker Courant verschijnt een paar dagen van te voren dan altijd een artikel over de lezing, waarbij een ieder van harte wordt uitgenodigd.
Dat liep deze keer even anders zodat alleen de leden aanwezig waren.
Over deze zoektocht naar de gangen, schreef Jan Durks van der Mei uit "Pietersbierum" een lang gedicht.
HU woonde toen op wat nu Walburgastrjitte 6 is.
Over hem werd geschreven: Onvervalst S.D.A.P.'er, geheelonthouder, kaatssportkenner, wethouder, dorpsman,enz.enz.
Opvrijdag 10 juni 1935 publiceerde hij in een krant het volgende gedicht:

Liauckema-State.

Opdroegen oan de biwenner fen de lde poartepleats.

Sa smk, troch beammen ticht forskle,
Mei 'n poarte en in brede grft,
Troch folk biwenne, hird en wreed faek,
Bikend om hjar oerribele krft.
Fier yn e lnnen, oan de s hast,
Mei in greidepaed nei brren ta,
Sa laei yn lang forfleine tiden
Dr d 'lde stins fen Liauckema.

De m0ntsen yn hjar griis habyt faek,
Dy seach men swallgen fier en hein,
En mannich lde, earme swalker
Hat foar de stins syn leed hjar sein...

De poartedoar dy kaem dan iepen
En jountiidsbrea waerd foar him set.
Ho 't hy dr kaem ef hwet er dien hie,
Det wier syn saek, hjar hindre t net.

It wier in minske, dyt dr hong re
ln minske mei in skriemend hert...
For sa'n ien waerd de doar ntsletten,
Al kaem er nachts ek wit ho let.

Mar kaem de fijn foar de wllen,
Den rp de needklok oer it gea,
Den ward der fochten, kld en wreed faek,
En sloech men frjeon en fijn dea...

Det alles is al lang histoarje,
De swiere stins, dy is fordwoun,
Mar d'lde poarte stiet noch stevich
Te weitsjen der, op ldfaers groun.

En as de simmersinne sakket,
Den falt syn skaed yn d'lde grft,
ln fgel sjongt it ivich liet dr,
Fen lok en leed, neindich sft.

Dr laeit de bouboerspleats to drgjen,
Dr heart men nou de blide bern.
Hwert' eartiids frjeon en fijn fochten,
Dr kin men nou it jongf sjen.

De boer rint mei de frou de grft roun,
In fiere klok liedt oer it gea.
In nije Maitiid is der kommen,
De lde tiid is lang al dea.

ls det wol wier? ho doar jim 't sizze,
De lde tiid dy libbet yet.
De nije tiid, dy hat it lde,
Opnij yn 't folle libben set.

Der kaem in man ut fiere lnnen,
Dy, t berne wier by Liauckema,
En as in pylger is er swalke,
Yn 't jounskoft nei de Poarte ta.

De skiednis seit, der rounen gongen,
Fen d 'lde stins nei 't doarpke ta,
Det woe de frjemdling ndersiikje,
Dr moast er sines nou fen ha.

Mei 'n kop'ren stokje hat er swalke,
In "wichelroede"hjit sa'n ding!
Sa roun er lns de lde paden,
En libbe er yn herinnering.

Syn tinzen wieren byde deaden,
Hy hearde by de ld tiid,
Mar as er miende hwet to finnen,
Den ljochte't strakke antlit bliid.

Hy krige help, it paed waerd tset,
't Roun op de greate tsjerke oan.
It doarp roun t, de kranten skreanen,
De gong wirdt foun, it liket skoan.

ln froumins kaem, hjar tinzen hongen,
As nevels yn'e simmerloft.
Hja sei: hjir binne nufre dingen,
De man dy't earst wier hat hjir boft.

Hjar man hong oer de finnehikke,
En seach fol earbied nei syn frou,
Hy knikte ris en sei do sntsjes:
"Dy wit hwet mins, det siz ik jo"

De man, dy't earst wier, lake sntsjes,
En tocht: "ik krij dos wol gelyk.
len fen syn helpers rp do: "minsken,
De baes en ik, wy wirde ryk".......

Mar ja de baes tocht by syn eigen:
lk freegje noch in oare man,
De rop dy gong troch 't lde Frysln,
Dy wist der mear as sluchtwei fen.

De dokter kaem en roun yn tinzen,
De lde slotgrft yn it roun,
En op it hiem, by de lde poarte,
Sei hy: "hjir wirde gongen foun."

Do kaem de boer mei t folk yn aksje,
En waerd der groeven, ier en let,
Mar d'yngong nei 't beloofde lntsje,
Dy yngong, och men foun him net.

Dy minsken t it doarp, dy rounen,
De hiele dei hwet f en oan,
De kranteman skreau lange stikken,
Dy gongen troch it hiele ln.

De boer, dy krige lange brieven,
Fen medium en telepaet........,
As derverborgen dingen"binne,
Hat mannichien hast oars gjin praet.

De boer bleau kalm, en hy tochte:
"Och wier ik it mar nea bigoun!"
Mar op in dei, myn goede frjeonen,
Do waerd der dochs in trepke foun.

Det moast nou dochs de yngong wze,
Fen't paed, det nder d'ierde lei.
Mar efkes hat de hope libbe,
De glim fen 't lok wier rd foarby.

Gjin yngong en gjin oare gongen.
De wichelroede kaem opnij.
De man fen fierren sei do skruten:
"lk leau, jim binne ticht der by....

Wer grave en wer fantasearje,
Mar alles bleau allyk it wier.
Gjin seine skynd'er op te rsten,
It wurk det foel de gravers swier.

Do is opnij in hearskip kommen,
Syn namme makke er net bikend!
ln frjemde man en sunder namme?
Soks wier men hjir dochs wier net wend.

De iene sei, it wier in gchler,
Mar'n oare tocht: hy is ofsier,
De kranteman mei 't kyk tasteltsje,
Stie klear en tocht: ik neem hem hier.

Mar ho mar hear, it frjemde hearskip
Moast neat fen kranteminsken ha.
" Als't zoo moet"sei er," goede menschen,
Dan ben ik nu mijn taak al ba!"

De krante man is eftert gien,
En "unbikend"kaem nou foaroan.
Dr stapt er hinne en it koper,
Det glinst're yn syn wite hn.

Hy sei perfoarst, der binne gongen,
Fen't lde slot troch t greideln.
It folk, det rekke yn extase,
En dounse oer't hiem do hn oan hn.

De lde dokter wie ek kommen,
Hja wieren frjeonen, sa't men sei.
Det blykte ek, de jouns by't foartgean,
Naem d'iene smk de oare mei.

De dokter smookte as in Switser,
En sei: "de striid wirdt troch s woun.
Noch efkes en wy gean mei d'auto,
Fen't slot nei 't doarp, lns d'ndergroun".

En d'oare deis opnij oan 't graven,
Op't plak, hjar oanjown troch minhear.
't Muzyk studearre in nije feestmars,
Hwent elkien sei: nou komt it klear.

Der waerden djippe gatten groeven,
En oeral kamen minsken wei,
Altiid mar grave, altiid peile,
Sa gong de earste tiid foarby.

Dochs 't bleau by siikjen goede frjeonen,
Der waerd gjin inkele stien mear foun,
Wol waerd, sa't jouns ek sein wier,
Opnij de oare moarns bigoun.

Noch djipper waerd yn d'ierde groeven,
Mar sikerwier,'bleau fantasij!!!!
't Mysteary bleau, mar't djippe graven,
Bigjint men siker net opnij.

Hld op, frjeon! Lit't forline rste,
De fantasije bliuwt bistean,
En op det paed kin wol de minske
Syn hiele wnd're libben gean.

Hwet west hat det leit goed besletten
Yn'd lde groun fen Liauckema.
Lit it for s mystearje bliuwe,
It komt de nije tiid net ta.

De lde poarte stiet te lst'r jen,
En d'lde tinkt der sines fen.
Yn de undergrounen heart er grom'ljen:
"Lit s mei frede, frjemde man."

Ja lit opnij de frede komme,
Det freegje wy op dizze dei.
ln streep troch alles hwet der barde,
En den, myn frjeonen, is't foarby...

Dr leit de lde pleats to drgjen,
Dr stiet de poarte, heech en kein,
Dr haw'de geasten fen s foarfaers
Opnij wer tsjin de minsken sein:

"Bliuw f fen alles hwet foarby is,
Bou mei oan dizze wndre tiid,
Hwent eltse dei, en ek elts libben,
Det hat gench oan eigen striid.

s tiid hat west,jim tiid scil komme,
Sa is nou ienkear wrlds birin,
En drom, yn 't forline grave,
Hat sikersonk nou dochs gjin sin.

Us geast, dy bliuwt by d'lde tiiden,
Gean jimme fierder, frank en frij,
Lit s dochs rste by s sibben,
Det freegje, n det bidde wy.

Pitersbjirrum
J.D.v.d.M.

Als er belangstelling is om deze lezing b.v. op een zaterdagmiddag nog eens te herhalen.
Laat het ons dan even weten.

Harm Zaagsma Terppaed 8 8855CE 05l7 591337.