Fjoer

Alles wie sa keunstich makke,
Troch it machtich albestjoer.
De loft, it wetter yn 'e seen,
Yn 'e djipte, gas en fjoer.

De minske waard der skepen,
Yn it moaiste beammegrien.
Ryklik en rojaal it fiedsel,
Bergen, fan it hurdste stien.

It fee, de fgels en de bisten,
Ja, wer wie de ein.
Machtich al dy blommen,
Prachtich, sa folslein.

De minske moast ek net allinnich,
Der kaam in oare helte bij.
Meiens wie dr de snde,
Gedonder yn de rizenbrij.

De skiednis lit s witte,
Hoe dat ieuwen lyn ferrn.
Wy libje no mei s miljoenen,
Op itselde stikje grn.

Net sa moai it slimme kweade,
Dat ek yn de minske sit.
Om it rjocbt wurdt altyd fochten,
Mannichien dy't libben lit.

Op it kastke yn de keamer,
Seagen wy in kleurparade.
Miljoenen minsken mei har flaggen,
Op de grutte Olympiade.

It lytse famke mei har fakkel,
Trof s wol it aldermeast.
Dat jong en ld dr meinoar tsjge
Mei in heldere, sne geast.

tIs hast net te freegjen,
Frede is sa piperdjoer.
Famke mei dyn moaie fakkel,
Bring s dei oan dei, Olympyskfjoer.

Tsjummearum, 19-11-1988
J.H.W.