Suster...

Jo wienen by myn berte.
Mem dy hat dat faken sein.
Nei slimme pine en krewearjen,
My,yn't wite widske lein.

Helpleas en alhiel fhinklik,
Lei ik foar it finsterrt.
Mei jo soarch en noed en eachweid
Groeide ik ta dat koerke t.

Elkenien hie my yn hannen,
'k Hie hwat kroes en kroldrich hier.
Altyd moast ik dan wer laitsje,
Hwant myn troanje wie sa blier.

'k Moast nei skoalle om te learen,
Hwant sa giet de libbensrin.
Yn in hiel aparte keamer,
Kaem ik jo wr tsjin.

Dr wie ek noch in wite dokter,
Mei twa slankjes yn it ear.
Dy lstere mei niget,
Mar jimdiene my net sear.

In mannich jierren letter,
Hie 'k it gauris yn'e kiel.
Jimme knipten my de mangels,
Mar dat wie al gau wr hiel.

'k Bin Jo folge troch de jierren,
Fleane troch it sikenhs.
Ek by rampen en yn tsjinspoed,
Seach ik Jo by't reade krs.

Is d'r pine, of net sliepe,
Hat men faken o san toast.
Elkenien kin dan mar skilje,
En Jo binne dr perfoast.

Jouns dan doovje Jo de ljochten.
Dogge dan de wacht.
Alles is dan op Jins hoede,
De hiele lange gnske nacht.

Is men ld en hast forsliten,
Meastentiids mar amper gean.
Jo helpe ek ta oan it lste,
En bliuwe jimmer by s stean.

Wy moatte ek, lyk al dy oaren,
Ienris dizze wrld forlitte.
't Is hjir ek gjin bliuwend plak,
Dat sil elkenien wol witte.

Al it moaijens op s ierde,
Sil mei koarten wr fortarre.
Hwat west hat ynt forline,
wurdt yn boek en skrift biwarre.

Hwat ek bard en komt of driget,
Al is de wrld faek tige tsjuster.
Jo bliuwe troch de ieuwen,
Eale, leave, wite suster.

Tsjommearum, simmer 1982 J.H.W.