It wiif

Meidert mingel mei syn toeter,
Moarns yntiid al op in paed.
Spenbrij en dreage molke,
Ja, hy hie in hiel ferskaet

Winterdeis wie t san geknoffel,
Lange swarte katsjes oan.
Fleindich blaze op e toeter,
Mei in falske, skrille toan.

Ron yn t doarp mar by de karre,
De kde wist trochgeans de haltes,
De btenkrite noch al wiid.

As it frear, it spul yn sekken,
De spenbrij woe hast net gean.
Froulju moasten tiden wachtsje,
En klomsk by kde en karre stean.

Meindert net sa krekt en sindlik,
Mar it koe ek hast net oars.
As it kald wie en nlijich,
Gau in feech nder de noas.

Soms wie 't ek in frjemde handel,
Foaral sa mei de spenbrij.
Mannich wyfke seach mei niget,
As ik mar de mjitte krij.

De brijboer koe ek sa ferhale,
Sei it soms mar snedich op.
Koe meiens nhurich fervje,
Dat hearde ek by syn berop.

It doarpke prate wol oer Meindert,
Hie in frjemd en nuver wiif.
Wie no just ek net oanfallich,
Noartsk en hnsk en stroef en stiif.

Ik snap it net, sei Timens Tetsje,
Soks dat liket nearne nei.
Dy goeie man, 'k soe my betinke,
San wiif, dr roun ik fuort by wei.

Bouwe Bjefke hie him dien jown,
Hja krige molke fan de boer.
Meindert wie in gekoanstekker,
Dr koe hja alhiel net oer.

De brijman gie sa deis syn krite,
Stie altyd bleat oan doarpskretyk.
Feije Tryn ek al sa 'n eamel,
En se wie noch lang net lyk.

It hiele jier mei kde en karre,
Lns de dyk en troch de drek.
Wie it stourich of wat reinich,
Sei er faek, it mingelt ek.

Op in kear, wr by de karre,
It is foar my in rare dei.
'k Sil it jim ' mar ront sizze,
k Bin ek by myn wyfke wei.

Hja lusteren mei iepen earen,
Myn goeie man, wat al in lst.
As jimme dan elkoar net passe,
Dan krije jo teminsten rst.

Ja, sei Meindert dr oer hinne,
'k Bin d 'r noch fan yn 'e ss.
Mar om toalve re hinne,
Gean ik gau wer op nei hs.

Tsjommearum, winter 1981
J.H.W.