It Skipke. . .

Der lei in lyts en suterich skipke,
Earne yn e lde feart
dat wie it plak fan Geart en Gjetsje,
Elk dy hie der wol fan heard.

Hja wienen net sa botte krigel,
Mar dienen wier gjin minske kwea.
It wie dr sa nhurich smoarch,
Geart, altyd in luie lea.

Nei tige drokte en krewearjen,
Wienen se t de wente set.
Fan de gemeente mar in skipke,
It miel wie net sa botte fet.

It doarp dat die ek net safolle,
Hwant sokke minsken wienen sleau.
De earmfadij en de gemeente,
Joegen nou en dan in greau.

Der wie gjin salve oan to striken,
De bern har bd hwat wier as strie.
It stonk dr yn dat lytse roefke,
Mar nimmen dy 't der hwat oan die.

't Wie wer safier mei Gearte Gjetsje,
Grietsje hie der al om tocht.
Dat nou die goeije earrebarre,
Hjir wer in lytse poppe brocht.

Griet wie yn it doarp de baekster,
In frommes mei in kante lea.
Mei elk koe hja it wakker fine,
Se wie bikend yn t hiele gea.

Earst har mem oan 't lst forsoarge,
Dat fielde hja as heechste doel.
Drnei luts har in nije ropping,
Helpe, hwer't to helpen foel.

Hja sei noch tsjin de nije dokter,
Sa en sa leit it der hinne.
Dan en dan is it de tiid,
As jo dr dan ek binne

Dokter hie it yn e holle,
De hiele brot die moast der wei.
De earrebarre yn sa n skipke,
Dat like nearne nei.

By Griet stie op e souder,
In lde sinterklasekoer.
Dryn makke hja in bedsje,
Mei moaije tekkentsjes droer.

Har mem gie faek, ek t 'e krapte,
Winters met dy greate koer.
Mei swietekou en taei en letters,
Nei de wolgestelde boer.

De natr hie alles regele,
Kaem ek nou wer op 'e tiid.
Brocht in alderleafst lyts famke,
De bern dy wienen al sa bliid.

Dokter kaem fanwege drokte,
Dizze kear werk rekt to let.
Griet dy wist no ek fan wanten,
En hie har sels der mar mei ret.

Sa stie hja, dy amper lins hie,
Alyd klear foar freon en sibben.
Frege nea nei jild of stn,
Se hie in wurklist foar it libben.

In raer birjocht gie troch de krite,
Hiel it doarp dat libbe mei.
It wie net wier, men koe t net leauwe,
Mar Grietsje rekke hastich wei.

It lde hf wie swart fan minsken,
En nimmen dy 't hwat sei.
Oer it doarp dr lei in wale,
Dit barren, dat gie elk sa nei.

Dmny spruts in wurd ta fskied,
Oan de freonen en har sibben.
Oer de wei fan alle minsken,
En it brosse, yn dit libben.

Dokter wie ek noch oanwzich,
Stie mei sin hwat efteroan.
Dy Grietsje dochs, sa sterk en krigel,
Hy hie in bsdoek yn 'e han...

Gjetsje roun mei al dy memmen,
Wol sa himmel yn 'e klean.
Hja luts dokter oan 'e mouwe,
Kom, - wy moatte fierder gean. -

Tsjommearum, hjerst 1980