Snein

Al dagen wie it goar en reinich,
En de sinne kaem mar net.
It hea dat lei al hast to rotsjen,
Fan droechte wie wol san forlet.

De troanjes stienen net sa fleurich,
Fan de boer en great gernier.
Skgen deis faek de loften,
Mar dat holp fansels gjin spier.

Op de freeds doe kaem de sinne,
De wyn dy fage alles skjin.
En mei de wyn kaem ek de droechte,
Elkenien wie op e rin.

Mei harken en mei foarken,
Stie mannichien nou yn it ln.
It hea dat wie noch wol to rdden,
It slimste hie men nou al hawn.

De sneontojouns sei Doitzen Doekes,
Wy kinne moarn net nei de preek.
It hat der nou alhiel op wierre,
En binne wol sa moai op streek.

De sneintomoarns lei Doitzens Anne,
It wite himd en strik mar klear.
Wy geane hjoed al nei de tsjerke,
En moaije dagen komme mear.

En Rinse Oeges en Jehannes Hessels,
En Douwe en har, gean hjoed ynt hea.
Dy iene snein, de muoite wurdich,
It is dochs ek s deistich brea.

De boer en de boerinne,
Stienen by de tsjerkedoar.
Eagen nei it lytse stientsje,
Har famke, dat to ier forstoar.

It oargel galme troch de tsjerke,
De sinne kipe oeral hinne.
Dmny sei it noch sa treflik,
De Skepper helpt, wr wy ek binne.

De wyks drop wie t suver waerm,
Men hie it no wol yn e macht.
De swietrook lei oer sleat en fjilden,
Bulten hea, it wie in pracht.

In mannich wiken letter,
t Wie ek op in freed.
Minsken wakker oan it tgjen,
By Wibe Ates op e reed.

En ek by Rinse Oeges,
Skorden hja de golle bleat.
It hea wie net to daeijen,
De roede stie hast gloeiend read.

Anne skonk noch mar ris kofje,
Hja struts Doatsen oer it hier.
De snein dy is om t to rsten,
Dat is de ieuwen troch al wier.

Tsjommearum, simmer 1980
J.H.W.