De saek.

Paulus hie net rjocht syn slinger,
It wie al hiel net nei syn smaek.
Mar Heit dy wie ek slachter wurden,
Dus moast hy ek yn e saek.

Dy wie allang yn de femylje,
Wol hast al in fyftich jier.
It foargeslacht, bitfte minsken,
Moarnsbitiid al drok yn t spier.

Paulus sels sa blier en fleurich,
t Wie in foarrjocht by de wei.
Kaem by alle soarten minsken,
En moast witte hwat er sei.

Klanten mei in meager knipke,
Hoegden wier net fan dat fette.
Dan tocht Paulus fuort op slach,
Jim moasten noch ris pnsen frette.

Wie dr feest yn doarp en krite,
Wist hy wol hoe alles like.
Mei in gaedlik optochtsmoesje,
De sinten komme nije wike.

Maeike, deis hwat yn e winkel,
Koe it wurk ek hiel wol oan.
Stie to hlden en to kearen,
Jonge, brk dochs dyn forstn.

Hy siet fol fan brkte autos,
Makke dan fan ld wer nei.
Dan bigoun hy krekt to libjen,
En forgeat de deade kij.

Maeike seach it swerk wol driuwen,
N, it kaem sa wier net klear.
Kamen klanten ek net mear.

Lang om let waerd mar bisletten,
De sanearing oan te gean.
Oeral wie wol wurk to finen,
Foar in goed en reedlik lean.

It doarp foun it mar frij hwat spitich,
Al wer in winkel oer de kop.
Mar Paulus en syn himmel wyfke,
Sieten mei in greate strop.

De winkel kaem no by de keamer,
En de namme fan it rt.
Dat wie de ein fan fyftich jierren,
De slachterij, dy wie dr t.

Ths wie alles nou wer frede,
Maeike wie sa bliid as hwat.
En as Paulus jouns wer thskaem,
Sei er faek, myn leave skat.

Sa wikselt alles yn it libben,
It bliuwt ek nea sa it is.
Tinkt men soms, sa sil it komme,
Is men faek de planke mis.

Tsjommearum, simmer 1980
J.H.W.